De Olympyske Winterspullen 1992, ek wol de XVIe Olympiade neamd, waarden yn 1992 hâlden yn it Frânske Tignes-Albertville fan 8 oant en mei 23 febrewaris.
Akkommodaasjes
AkkommodaasjeSport (en)Kapasiteit Courchevel Noardske kombinaasje, Skânsspringen 20,000 (springen)15,000 (Noardske kombinaasje - skyrinnen) L'anneau de vitess Reedriden 10,000 La halle de glace Olympique Keunstriden, Shorttrack 9,000 La Plagne Bobslydzjen, Rodeljen Net neamd. Les Arcs Speedskyen (demonstraasje) Net neamd. Les Ménuires Alpineskyenn (slalom foar manlju) Net neamd. Les Saisies Biatlon, Skyrinnen 12,500 Méribel Skyrinnen (froulju) 3,000 Méribel Ice Palace Iishockey 6,420 Pralognan-la-Vanoise Curling (demonstraasje) Net neamd. Théâtre des Cérémonies Seremoanjes (iepening/ sluting) Net neamd. Tignes Freestyleskyen Net neamd. Val-d'Isère Alpineskyen (delgong foar manlju, super-grutte slalom, grutte slalom, en kombinearre) Net neamd.
Sporten Op de Spullen fan 1992 stiene seis sporten op it programma en 57 ûnderdielen ferdield oer 12 dissiplines.
Medaljes Medaljespegel 1 Dútslân 10 10 6 26 2 Mienskiplik Team 9 6 8 23 3 Noarwegen 9 6 5 20 4 Eastenryk 6 7 8 21 5 Feriene Steaten 5 4 2 11 6 Itaalje 4 6 4 14 7 Frankryk 3 5 1 9 8 Finlân 3 1 3 7 9 Kanada 2 3 2 7 10 Súd-Korea 2 1 1 4
Fryske medaljes Medalje Namme Sport UnderdielFalko ZandstraReedriden5000 m
Dielnimmende lannen In rekordoantal fan 64 lannen die mei oan de Spullen. Troch it útienfallen fan de Sowjetuny diene seis eardere republiken mei yn in mienskiplik team. De Baltyske steaten Estlân, Letlân en Litouwen hiene harren eigen team. Dy hiene foar de tatreding ta de Sowjetuny al aktyf west op de Winterspullen. It resint ûnôfhinklik wurden Kroaasje en Sloveenje debutearren. Nei de ienwurden fan East- en West-Dútslân die der ién Dútsk team mei.
Harren debút makken Algerije, Bermûda, Brazylje, Hondueras, Ierlân en Swazilân. Foar Hondueras en Swazilân wie dat de ienige dielname oan de Winterspullen ea. Senegal makke syn rentree op de Winterspullen. Yn ferliking mei de foarige edysje ûntbrutsen Fidzjy, Guam, Gûatemala en Portegal.
Sjoch ek Paralympyske Winterspullen 1992
Keppeling om utens IOC webstee oer de Olympyske Winterspullen fan 1992
1992 Kategory:Barren yn 1992 Kategory:Skiednis fan Frankryk Kategory:Sportevenemint yn Frankryk