Bernard P. Winsemius (1945) is in Nederlânsk oargelist en klokkenist.
Organist Winsemius studearre oan it Amsterdamsk Konservatoarium, net allinne oargel, mar ek koar- en orkestdireksje. Syn stúdzje waard yn 1970 bekroane mei de Prix d'Excellence. Hy is organist yn de Nije Tsjerke fan Amsterdam, tegearre mei Gustav Leonhardt.
Beiaardier Boppedat studearre er beiaard oan de Beiaardskoalle yn Amersfoort. Yn 1971 waard ek dêr syn stúdzje bekroane mei de Prix d'Excellence. Winsemius is stêdsbeiaardier fan Haarlim en Amsterdam. Hy spilet alle wiken: Dei Tiid Plak Moandei 08:30-09:30 Frije Universiteit, Amsterdam Moandei 14:30-15:30 St. Bavotoer, Haarlim Tongersdei 12:00-12:45 Sudertoer, Amsterdam Tongersdei 14:00-15:45 Munttoer, Amsterdam Tongersdei 16:00-16:45 Westertoer, Amsterdam Freed 11:30-12:00 Bakenessertoer, Haarlim Freed 12:45-13:15 St. Bavotoer, Haarlim
Learaar Winsemius is dosint oan de Codarts, Hegeskoalle foar de Keunsten yn Rotterdam en de Hegeskoalle foar de Keunsten yn Utert.
Keppeling om utens Klokkenspel Vereniging
Kategory:Nederlânsk klokkenist Kategory:Nederlânsk muzikant Kategory:Nederlânsk oargelist Kategory:Persoan berne yn 1945