Curtiss SB2C Helldiver 275px Rol Dûkbommesmiter Makkers Curtiss Wright Fairchild (Kanada) (SBF), Canadian Car & Foundry (SBW) Untwerper Don R. Berlin Earste flecht 18 desimber 1940 Yn tsjinst Desimber 1942 Ut tsjinst 1959 (Italjaanske Loftmacht) Tal makke 7.140 (1943–1945) Brûkers United States Navy, United States Army Air Forces, Frânske Loftmacht, Keninklike Taiske Loftmacht FariantenCurtiss SB2C 3, Curtiss SB2C 4, Curtiss SB2C 4E, Curtiss SB2C 5, Curtiss SB2C 6
thumb|275px|Twa SB2C-3's boppe de USS Hornet, 1945
De Curtiss SB2C Helldiver wie in fleandeksip ôf operearjende dûkbommesmiter fan de Amerikaanske marine yn de Twadde Wrâldkriich. It tastel ferfong de Douglas SBD Dauntless by de US Navy. Nettsjinsteande syn gruttere ôfmjittingen, koe de SB2C folle hurder as de SBD. De fleanders joegen de Helldiver de bynamme Big-Tailed Beast (of allinne Beast),O'Rourke, G.G, CAPT USN. "Of Hosenoses, Stoofs, and Lefthanded Spads." United States Naval Institute Proceedings, July 1968. Two-Cee en Son-of-a-Bitch 2nd Class (nei de typeoantsjutting, mar ek fanwege guon minne fleaneigenskippen, benamme by it opstigen en lânjen).Shettle 2001, p. 29. It like wol dat sawol piloten as seelju net oer it tastel mochten.Ethell 1995, p. 221.
Salang at de Helldiver tsjinne hat, wiene der swierrichheden en fertragingen by de produksje. Op 11 Novimber 1943 waard de Helldiver foar it earst by in oanfal ynset, wylst it prototype yn novimber 1940 al fleach. Rillegau waard der doe lykwols fan de gefjochtspotinsje fan tastel grute.Forsyth 1991, Foreword
De produksje heakke geregeldwei; doe't 900 tastellen as A-25 Shrike oan de USAAF levere waarden, hienen sy der dêr al gjin ferlet mear fan. Grutte oarders fan de Britske Keninklike Marine (26, dy't net brûkt binne) en de Australyske Loftmacht waarden ôfsein fanwege minne fleankarakteristiken. It Truman Committee ûndersocht de produksje fan de Helldiver en kaam mei in ferneatigjend rapport , wat it begjin fan de ein fan Curtiss betsjutte. Nettsjinsteande alle swierrichheden, waarden yn de lêste twa jier fan de oarloch yn de Pasifyk goede resultaten helle troch de yngeande trening fan de bemanningen.Ethell 1995, p. 221.
Totaal binne der 7.140 eksemplaren fan boud.
Spesifikaasjes (SB2C Helldiver) thumb|275px Bemanning: 2, piloat en radiotelegrafist/skutter Lingte: 11.2 m Spanwiidte: 15.2 m Hichte: 4.5 m Wjuoerflak: 39.2 m² Gewicht leech: 4.588 kg Gewicht laden: 6.202 kg Maks. gewicht by opstigen: 7.600 kg Motor: 1 Wright R-2600 Cyclone radiaalmotor 1.900 hk Topfaasje: 473 km/o Fleanberik: 1.900 km Plafond: 7.600 m Stiichfaasje: 8.9 m/s Bewapening 2 × 20 mm (.79 in) fluchfjoerkanon yn de wjukken 2 × 0.30 in (7.62 mm) M1919 Browning masinegewearen efteryn cockpit Bomlading in bomrûm: 2,000 lb (900 kg) of 1 × Mark 13-2 torpedoBomlading ûnder fleugels: 2 x 500 lb (225 kg)
Sjoch ek Te ferlykjen fleanmasines: Curtiss XBT2C Aichi D3A Brewster SB2A Buccaneer Douglas SBD Dauntless Fairey Barracuda Junkers Ju-87 Stuka Vultee A-31 Vengeance
Keppelings om utens
I Ride "The Beast" by J. Runyan, Popular Science February 1945 The Commemorative Air Force's flying SB2C Helldiver ENS Bob Barnes: Helldivers of the Big E Historynet: "The Last Dive Bomber" "The Greek Civil War, 1944-1949" Flight article of 1943
Kategory:Amerikaanske bommesmiter Kategory:Amerikaanske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1940