thumb|Epeus Manger Cats Epeus Manger Cats (Ljouwert, 30 novimber 1822 - Grins, 9 oktober 1896) wie in Nederlânsk politikus.

Famylje Manger Cats waard berne as soan fan Samuel Hendrik Cats, belestingûntfanger, en Catharina van Vierssen. By Keninklik Beslút fan 16 april 1829, nr 40, waard de efternamme Cats foar heit Samuel en syn neiteam feroare yn Manger Cats. Hy troude yn 1852 mei syn nicht Johanna Maria van Haersma de With (1823-1869). It pear krige acht bern, dêr't fjouwer fan jong stoaren.

Wurkpaad Hy studearre rjochten yn Leien en waard boargemaster fan Barradiel (1851-1857) en folge yn 1857 syn broer Martinus op as boargemaster fan Smellingerlân."Straatbeeld" yn Breeduit, ynformaasjekrante fan de gemeente Smellingerlân, 10 septimber 2009 Hy kaam te wenjen yn it troch syn broer boude Haersma State yn Drachten. Epeus hie de bynamme 'de wite Cats', syn broer Martinus wie 'de swarte Cats'.Siebenga, S. (2009) "Grêfstiennen op in boerehiem" yn Horizon. Burgum: Stichting Streekmuseum - Folksstjerrewacht Burgum It Manger Catsperk yn Drachten is nei de beide broers neamd.

Yn 1868 joech Manger Cats it boargemastersskip oer en ferfear nei Grins. Dêr kaam er yn 1896 yn de âldens fan 73 jier te ferstjerren.

Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Barradiel Kategory:Boargemaster fan Smellingerlân Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1822 Kategory:Persoan stoarn yn 1896