thumb|rechts|200px|Boargemasterswente, Noarderbuert 95 yn Drachten Albertus Bruins Slot (Hoogeveen, 4 augustus 1865 - Rotterdam, 27 augustus 1930) wie in Nederlânsk politikus.
Famylje Bruins Slot waard berne yn Drinte as soan fan Jan Warners Bruins Slot, ferfeanter en wethâder, en Alberdina ten Cate. Hy troude 1896 mei Antje Hoogeboom. Sy krigen trije bern, ûnder oaren de lettere politikus Sieuwert Bruins Slot.
Wurkpaad Bruins Slot syn amtlike karriêre begûn op it gemeentesekretariaat fan Kollum, by syn skoanheit Hoogeboom. Nei in tal jierren waard er boargemaster fan Skiermûntseach (1896-1901). Op 24 desimber 1901 waard er ynstalearre as boargemaster fan Smellingerlân (1901-1930). Yn 1906 liet er in troch arsjitekt Johannes Petrus Hazeu ûntwurpen Jugendstil-went sette oan de Noarderbuert yn Drachten. Fan 1910 ôf wie foar de Anti-Revolúsjonêre Partij lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Ut reden fan sykte waard er opnaam yn it Eudokia sikehûs yn Rotterdam, dêr't er staor, 65 jier âld.Leeuwarder Courant, 27 augustus 1930 Bruins Slot wie Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau.
Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:ARP-politikus Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Skiermûntseach Kategory:Boargemaster fan Smellingerlân Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk konservatyf Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Drintsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1865 Kategory:Persoan stoarn yn 1930