North American B-25 Mitchell 275px Rol Middelswiere bommesmiter Makker North American Aviation Untwerper Earste flecht 19 augustus 1940 Yn tsjinst 1941 Ut tsjinst 1979 (Yndoneezje) Tal makke 9.816 (1941-1945) Grutste brûkers United States Army Air Forces, Royal Air Force, Sowjet Loftmacht, United States Marine Corps Farianten B-25, B-25A, B, C, D, XB-25E, XB-25F—A, XB-25G, B-25G, H, J, TB-25—A, D, G, C, J, K, L, M, N, VB-25J—A, CB-25J, ZB-25C, D, ZXB-25E, PBJ-1C, D, PBJ-1G, H, J
De North American B-25 Mitchell wie in Amerikaanske middelswiere twamotorige bommesmiter. Yn de Twadde Wrâldkriich waard se op alle fronten ynset, mat it meast boppe de Stille Oseaan. Der hawwe yn de rin fan de oarloch tal fan oanpaste ferzjes tsjinne. Nei de oarloch hat it deugdlik tastel by tal fan oare loftmachten tsjinne. De B-25 hat totaal sa'n 40 jier operasjoneel west. De B-25 waard ferneamd nei generaal Billy Mitchell, in pionier op it mêd fan de Amerikaanske militêre fleanderij. Doe't de produksje fan de Mitchell ophold, wiene der benei 10.000, yn tal fan farianten, fan makke.
De earste B-25 hie in geskutskoepel op de romp foaroan by de cockpit en oan beide kanten fan de romp geskutsramen en in frijwat platte búkkoepel. Under en oan de sydkanten fan de cockpit sieten 3 kear twa 12,7 mm mitrailleurs dy't nei foaren rjochte wiene.
De B-25 dy't april 1942 de ferneamde oanfal op Tokio útfierden, laat troch Doolittle en bedoeld om Japan in morele wan op 'e bealch te jaan, of faaks mear om de Amerikanen in hert ûnder de riem te stekken, wienen B-25's fan dat type. Sy gienen fan it fleandekskip "USS Hornet (CV-8)" de loft yn, útsûnderlik omdat de tastellen dêr net foar ûntwurpen wienen.
Yn de Slach by Midway wienen it B-25s dy't it Japanske fleandekskip "Akagi" útskeakelen.
Mitchell C Fan de C-ferzje ôf oan krigen de B-25's in geskutsnoaskoepel, wat de "gewoane" B-25 net hie. De geskutskoepel boppe op de romp kaam mids-efter te stean en de B-25 C hie no in sturtskutterspost yn it plak fan de geskutsramen. De bûkskutterspost ûntbruts by dizze ferzje.
Techyske feiten en prestaasjes B-25 J
thumb|230px|Mitchell Mark III fan de RAF Rol: Middelswiere bommesmiter Bemanning: 6 (2 piloaten, navigator/bomrjochter, koepelskutter/boardwurktúchkundige, radio-telegrafist/skutter, sturtskutter) Lingte: 16,10 Hichte: 4,80 Spanwiidte: 20,60 Fleugeloerflak: 57 Leechgewicht: 9580 kg Brânstof: 15200 kg Maksgewicht: 19000 kg Motor: 2× Wright R-2600 "Cyclone" radiaalmotoren, 1850 hk it stik Topfaasje: 442 km/o Krúsfaasje: 370 km/o Fleanbrik: 4300 km Aksjeradius: 2170 km Tsjinstplafond: 7600 m Klimfaasje: 4 m/sek Boardgeskut: 12 × 12,7 (.50) mm masinegewearen Bomlading: 2700 kg
Galery
Kategory:Amerikaanske bommesmiter Kategory:Amerikaanske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1940