De Olympyske Winterspullen 1994, ek wol de XVIIe Olympiade neamd, waarden yn 1994 hâlden yn it Noarske plak Lillehammer fan 12 oant en mei 27 febrewaris.

Akkommodaasjes thumb|right|260px|It Vikingskipet foar it reedriden De sporten waarden foar it grutste part organisearre yn Lillehammer. Dêrneist waard yn Hamar reedriden; yn it Vikingskipet it langebaanriden en yn it Hamar OL-Amfi it shorttrack en it keunstriden. Yn Gjøvik waarden inkele iishokkywedstriden hâlden.

Akkommodaasje Sport (en) Lokaasje Kapisiteit Birkebeineren Sky Stadion Biatlon, Skyrinnen, Noardske kombinaasje (skyrinnen) Lillehammer 34.000 Gjøvik Olympyske Grot Hal Iishockey Gjøvik 5.300 Håkon Hal Iishockey Lillehammer 10.500 Hamar Olympysk Amfiteater Keunstriden, Shorttrack Hamar 6.000 Vikingskipet Reedriden Hamar 10.600 Kanthaugen Freestyle Arena Freestyleskyen Lillehammer 15.000 Hafjell Alpineskyen (slalom, grutte slalom, kombinearre) Øyer 30.000 Kvitfjell Alpineskyen (delgong, super-G, kombinearre) Ringebu 41.000 Lillehammer Olympyske Bob- en Rodelbaan Bobslydzjen, Rodeljen Lillehammer 10.000 Lysgårdsbakken Noardske kombinaasje (skânsspringen), Skânsspringen Lillehammer 35.000 Lysgårdsbakken Iepenings- en slutingsseremoanjes Lillehammer 35.000 Stampesletta Medaljeseremoanjes Lillehammer 30.000 Lillehammer Olympysk Doarp Underkommen atleten Lillehammer 2.300 Hamar Olympysk Doarp Underkommen atleten Hamar 500

Sporten thumb|right|260px|In postsegel oer de Spullen Op de Spullen fan 1994 stiene seis sporten op it programma en 61 ûnderdielen ferdield oer 12 dissiplines.

Medaljes

Medaljespegel 1 Ruslân 11 8 4 23 2 Noarwegen 10 11 5 26 3 Dútslân 9 7 8 24 4 Itaalje 7 5 8 20 5 Feriene Steaten 6 5 2 13 6 Súd-Korea 4 1 1 6 7 Kanada 3 6 4 13 8 Switserlân 3 4 2 9 9 Eastenryk 2 3 4 9 10 Sweden 2 1 0 3

Fryske medaljes Medalje Namme Sport UnderdielRintje RitsmaReedriden1500 mFalko ZandstraReedriden1500 mRintje RitsmaReedriden5.000 m

Dielnimmende lannen In rekordoantal fan 67 lannen die mei oan de Spullen Dat wiene der trije mear as by de foarige edysje twa jier dêrfoar. De gearstalling fan de lannen liet grutte ferskillen sjen. Yn ferliking mei de foarige edysje ûntbrutsen Algerije, Bolivia, Kosta Rika, Hondueras, Ierlân, Yndia, Noard-Korea, Libanon, Marokko, de Nederlânske Antillen, de Filipinen en Swazilân. Joegoslaavje mocht fanwegen in ynternasjonale (sport)boykot net meidwaan.

Njoggen eardere Sowjet-steaten kamen net mear as in mienskiplik team út, mar as ôfsûnderlike lannen. Dat betsjutte it debút op de Winterspullen foar Armeenje, Georgië, Kazachstan, Kirgyzje, Moldaavje, Oekraïne, Oezbekistan en Wyt-Ruslân en de rentree fan Ruslân. Mei it útienfallen fan Tsjechoslowakije kamen no ek Tsjechje en Slowakije mei in eigen ploech en debutearren de lannen. Harren debút makke ek Amerikaansk-Samoa, Bosnje-Hersegovina, Israel, Trinidad en Tobago. Fidzjy en Portegal makken harren rentree. Nei de ynternasjonale boykot wie Súd-Afrika wer wolkom.

Sjoch ek Paralympyske Winterspullen 1994

Keppeling om utens IOC webstee oer de Olympyske Winterspullen fan 1994

1994 Kategory:Barren yn 1994 Kategory:Skiednis fan Noarwegen Kategory:Sportevenemint yn Noarwegen