200px|thumb|right|In rolstoel foar deistich gebrûk 200px|thumb|right|In rolstoel foar ynsidinteel gebrûk 200px|thumb|right|In rolstoel foar tydlik gebrûk In rolstoel is in helpmiddel foar it ferfier fan minsken dy't min of net rinne kinne.

Oer rolstuollen In rolstoel is in stoel mei tsjillen, en ôfhinklik fan it model:

beweecht de persoan dy't yn de rolstoel sit himsels foarút mei de hannen; wurdt de persoan yn de rolstoel treaun troch in oar persoan; befettet de rolstoel in elektromotor dêr't de rolstoel mei oandreaun wurdt.

Der is in soad ferskaat yn rolstuollen. Hokker rolstoel oft geskikt is, hinget ôf fan allegear faktoaren. Foaral fan wat de persoan allegear kin en mei de rolstoel dwaan wol. Foar minsken dy't net rinne kinne, is in rolstoel faak de ienichste ferfanging fan de fuotten.

Yn de rin fan de jierren is der troch de tapassing fan moderne konstruksjes en lichte materialen lykas karbon en titanium, in breed assortimint foar eltse tapassing leverber. Ek de bestjoering fan elektrysk oandreaune rolstuollen kin op ferskate manieren.

Ek de rollator, skootmobyl en hânfyts wurde faak diels as rolstoel beskôge, mar se binne dat beslist net. Foar in skootmobyl en in hânfyts jilde der hiele oare regels as foar rolstuollen.

Triuwrolstoel |200px|thumb|right|In triuwrolstoel sa as yn gebrûk op in ynternasjonaal fleanfjild In triuwrolstoel is in rolstoel dy't net troch de persoan dy't yn de rolstoel sit, sels op gong brocht wurde kin. Sa'n rolstoel is bedoeld om minsken mei slimme, faak mearfâldige beheiningen, te ferpleatsen. Ek wurde triuwrolstuollen faak brûkt yn sikehuzen en op fleanfjilden om minsken dy't net fier rinne kinne te ferfieren. De rolstoel wurdt op gong brocht troch te triuwen tsjin twa hânfetten dy't befêstige binne oan de efterkant fan de rolstoel. In triuwrolstoel is te werkennen oan fjouwer lytse tsjillen. Somtiden liket in triuwrolstoel op in hânbewege rolstoel, mar is it net. Men kin him werkenne oan in kantelferstelling en fier nei efteren pleatste tsjillen. Dy triuwrolstoullen wurde faak brûkt troch persoanen dy't net aktyf sels de rolstoel op gong bringe kinne. In triuwrolstoel is faak útrist mei yndividuele oanpassingen foar de persoan dy't yn de rolstoel sit.

Hânbewege rolstoel In hânbewege rolstoel is in rolstoel dy't troch de persoan dy't yn de rolstoel sit sels op gong brocht wurde kin. Dy rolstoel soarget derfoar dat immen himsels selsstannich ferpleatse kin. De rolstoel wurdt op gong brocht troch mei de hannen mei behelp fan hoepels dy't oan de tsjillen sitte te bewegen. Der binne ferskate types hânbewege rolstuollen.

Frame It frame fan in moderne hânbewege rolstoel bestiet út ien stik of is opfouber en makke fan in metaallegearing of komposytmaterialen, lykas: titanium, aluminium, karbon en kromolybdeen. In rolstoel mei in optearber frame wurd faak as maklik mei te nimmen sjoen mar oan in optearber frame sitte ek in soad losse ûnderdielen en nimt dêrtroch in soad romte yn, en is minder stabyl as in fêst frame dat bestiet út ien stik. In rolstoel mei in optearber frame is dêrom ek net sa geskikt foar yntinsyf gebrûk. De meast brûkte opfousysteem is dy mei in fertikale x ek wol X-brace neamd. foar dit optearsysteem waard yn 1933 patint oanfrege troch de Amerikaanske fabrikanten Everest and Jennings. Moderne optearbere rolstuollen ha tsjintwurdich ek wol in optearsysteem mei in horizontale x en der binne rolstuollen wêr't de rêchleuning foaroer klapt wurde kin en de fuottesteun efteroer. By fêstframe rolstuollen komme meardere soarten frames foar. De Boks frame, de heal boks frame, de minimaal frame en de trijetsjil T frame. Dat lêste frame soart wurdt foaral brûkt by rolstuollen foar tennis en wheelen mar en ek wol by berne rolstuollen. De minimal frame waard yn 1985 foar it earst tapast troch de Switserske atleet en rolstoelfabrikant Rainer Küschall.

Jasbeskermers en earmleuningen Jasbeskermers soargje der foar dat de klean skjin bliuwe en dat de klean net yn de tsjillen komme kinne. Jasbeskermers wurde faak makke fan keunststof, karbon as aluminium. Earmleunings soargje der lykas jasbeskermers ek foar dat de klean fan de persoan dy't yn de rolstoel sit skjin bliuwe en net yn de tsjillen komme kinne mar earmleunings soargje dêrnêst foar ekstra ûndersteuning fan de persoan yn de rolstoel en soargje der foar dat persoanen makliker stean gean kinne fan út de rolstoel. Earmleuningen wurde dan faak ek brûkt op rolstuollen foar ynsidinteel en tydlik gebrûk.

Fuotplaten en fuotsteunen De fuotten fan in persoan yn in rolstoel steune op in fuotplaat as op fuotsteunen. In fuotplaat sit faak oan it frame fêst en wurdt meastentiid brûkt op in rolstoel mei in fêst frame. Mar je ha ek fuotplaten dy't opfouber binne dy't likje op fuotplaat dy't likje op dy't fêst oan it frame sitte. Fuotsteunen sitte faak los fan it frame en wurde oan it frame fêstset mei in pen yn gat ferbining. Dizze fuotsteunen ha in soad ynstelmooglikheden en kinne opklapt en fuortklapt wurde sadat de persoan dy't yn de rolstoel sit makliker opstean kin út de rolstoel wei. Fuotsteunnen wurde dan ek faak brûkt op rolstuollen foar ynsidinteel en tydlik gebrûk. Fuotplaten en fuotsteunen wurde meastentiids makke fan keunststof mar ek wol fan karbon. By rolstuollen mei in fêste fuotplaat is de fuotplaat faak fuortdaliks ûnder de knibbels as dêr efter montearre, dit soarget foar in aktive sithâlding.Ynformaasje oer sitten en ynstellen fan stoelen Fuotsteunen binne faak troch de beweachberens fan de steunen foar de knibbels pleatst sadat se maklik fuortklapt wurde kinne en de ynstelberens behâlden wurdt, mar it behindert al in aktive sithâlding en dêrtroch moat de rêchleuning wat heger wêze as by de fêste fuotplaten.

Rêchleuning en sitkêssen De rolstoel is meastentiids útrêste mei in stoffen rêchleuning mar ek keunstof en karbon rêchleunings beklaaid mei stof komme foar, in rêchleuning is foaral bedoeld om te soargjen foar foldwaande steun yn de ûnderrêch. Is in rêchleuning te heech dan belemmert dat de beweechberens fan de persoan dy't yn de rolstoel sit mar soarget der ek foar dat de bekken efteroer kantelt mei in bolle rêch en in soad wurgens ta gefolch. It sitkêssen moat der foar soargje dat de persoan yn de rolstoel foldwaande ûndersteund wurd, soarget foar komfort, en dat der gjin trochlisferwûnings ûntsteane. Komfort hâld net allinne nofflik sitte yn mar ek dat it kêssen maklik yn gebrûk, en maklik skjin te meitsjen is. En trillingen fan it (bûten) riden opfangt. It sitkessen moat ek soargje foar ûnderteuning, dit om te foarkommen dat de persoan yn de rolstoel by eltse beweging dy't hy of sy makket bygelyks by it oppakken fan in pinne dy't op 'e grûn fallen is al út de rolstoel falt. Dêrom moat in sitkessen soargje foar foldwaande ûndersteuning nei foaren en nei siden ta, wêrtroch it bekken in fêst punt wurde yn it kêssen. Om trochlisferwûnings te foarkommen moat it kêssen nêst boppesteande saken ek soarge foar yn goede drukferdieling om pieken yn de druk te foarkommen. Der binne in ferskaat oan fullingen foar sitkêssens, der binne kêssens dy't folt binne mei skûm, mei loft, as mei gel en der binne kêssens mei in kombinaasje fan dizze fullingen.

Tsjillen Hast wol it meast opfallende ûnderdiel fan in rolstoel. De eftertsjillen binne faak fjouwerentweintich inch tsjillen mar der binne ek rolstuollen mei gruttere as lytsere eftertsjillen dat hinget in bytsje ôf fan de lingte fan de persoan dy't yn de rolstoel sit. De as fan de eftertsjillen sit meastentiids ûnder bekken fan de persoan dy't yn de rolstoel sit pleatst, by rolstuollen foar ynsidinteel gebrûk en tydlik gebrûk sitte se ek faak ûnder de rêchleuning pleatst. Der is in soad ferskaat yn eftertsjillen sa ha je tsjillen mei trije speaken fan karbon, tsjillen mei tolve, achtjin as fjouwerentweintich speaken fan karbon, trijespeak tsjillen mei beweechberre ûnderdielen der yn saneamde spinners en tsjillen mei speaken dy't yn elkoar om flechte binne de saneamde twisters mar ek tsjillen mei gewoane speaken wurde noch in soad brûkt. By tsjillen mei gewoane speaken wurde faak speakbeskermers brûkt, dit foar de feiligens fan de fingers fan de persoan dy't yn de rolstoel sit as fan in nijsgjirrich lyts berntsje dat de tsjillen fan tichby besjocht, foar de feiligens by it sporten en foar de sier. Dizze speakbeskermers wurde makke fan keunststof mar foar kwad rugby wurde de speakbeskermers makke fan aluminium. Om de tsjillen sitte bannen en dizze moatte foar de komfoar en in lichte rolwjerstân soargje rolstuollen wurde dêrom faak fersjoen fan hêgedrukbannen. bannen moatte goed op druk hâlden wurde om lichaamlike skea te foarkommen. De foartsjillen binne faak fjouwer as fiif inch grut. Trochdat se lyts binne hawwe se in grutte rolwjerstân. rolstuollen foar ynsidinteel gebrûk ha faak gruttere foartsjillen. Ôfhinklike fan it frame hat in rolstoel twa as ien foartsjil.

Remmen Der binne rûchwei twa soarten remmen de standaard fertikale remmen en de skjirre remmen dat binne horizontale remmen. In Rem bestiet út twa dielen de remhendel en it remstik. De remmen wurde fan slytfêst materiaal makke. En moatte sa op de rolstoel montearre wêze dat as de rolstoel op de rem stiet de eftertsjillen net nei efteren drukt wurde. Fierder kinne de remmen útfierd wurde mei yndividuele oanpassingen foar de persoan dy't yn de rolstoel sit.

Typen hânbewege rolstuollen Der binne trije typen hânbewege rolstuollen, der binne rolstuollen foar deistich, foar ynsidinteel, en foar tydlik gebrûk, hjirûnder folget in útlis oer de ferskillen yn dizze typen.

Deistich gebrûk Rolstuollen foar deistich gebrûk wurde yntinsyf brûkt fan it momint ôf fan bêd kommen oant it momint fan wer op bêd gean. Dy rolstuollen ha mei yndividuele oanpassings foar de persoan dy't yn de rolstoel sit. In rolstoel foar deistich gebrûk ha faak in fêst frame mar ek ynklapbere ferzjes komme foar. In rolstoel foar deistich gebrûk mei net mear as tsien kilogram weagje. Dy rolstuollen binne bedoeld foar persoanen dy't net rinne kinne, en wurde faak ek brûkt troch persoanen fan wa't it bynweefsel ûngewoan rekber is.

Ynsidinteel gebrûk In rolstoel foar ynsidinteel gebrûk is bedoeld foar it gebrûk bûtenshûs om bygelyks boadskippen dwaan te kinnen, as nei in attraksjepark te gean. Dy rolstuollen binne foar persoanen dy't net fierder rinne kinne as hûndert meter. De rolstoel is almeast opfouber en hat faak yndividuele oanpassingen. In rolstoel foar ynsidinteel gebrûk waget ûngefear alve oant fyftsjin kilogram. Deistich yntinsyf gebrûk fan dizze rolstoel kin slimme lichaamlike skea ta gefolch ha.

Tydlik gebrûk Rolstuollen foar tydlik gebrûk binne bedoeld foar minsken mei tydlike beheinings oan de fuotten sa as in brutsen skonk. Dy rolstoel is faak in standertútfiering en faak noch makke fan stiel. En is bedoeld foar ferfier fan bêd nei it húske en fan bêd nei it sikehûs ensafuorthinne. Dy rolstuollen ha gjin yndividuele oanpassingen en weagje sawat tusken de fyftjin en de tweintich kilogram. Dy rolstuollen meie net langer as inkele wiken efterinoar wurde brûkt om slimme lichaamlike skea te foarkommen.

Elektryske rolstoel 200px|thumb|right|In elektryske rolstoel foar binnen en bûtengebrûk. In elektryske rolstoel wurdt op gong brocht mei behelp fan in elektromotor. De rolstoel kin bestjoerd wurde mei behelp fan in joystick, mar ek mei toetsen of sels mei it bewegen fan de holle. Op in joystick binne ek meardere fariaasjes mooglik. Der binne ferskeidene types elektryske rolstuollen.

Akkus