De Olympyske Winterspullen 2002, ek wol de XIXe Olympiade neamd, waarden yn 2002 hâlden yn de Amerikaanske stêd Salt Lake City (Utah) fan 8 oant en mei 24 febrewaris.

Sportakkommodaasjes

AkkommodaasjeSportKapisiteit Deer Valley Alpineskyen (slalom), Freestyleskyen 13,400 Maverik Center Iishockey 10,500 Park City Mountain Resort Alpineskyen (grutte slalom), Snowboarden 16,000 Peaks Ice Arena Iishockey 8,400 EnergySolutions Arena Keunstriden, Shorttrack 17,500 Snowbasin Alpineskyen (kombinearre, delgong, super-G) 22,500 Soldier Hollow Biatlon, Skyrinnen, Noardske kombinaasje (skyrinnen) 15,200 The Ice Sheet at Ogden Curling 2,000 Utah Olympic Oval Reedriden 5,236 Utah Olympic Park Bobslidzjen, Rodeljen, Skeleton, Noardske kombinaasje (skânsspringen), Skânsspringen 18,100 (skânsspringen)15,000(glydsbaan)

Sporten Op de Spullen fan 2002 stiene sân sporten op it programma en 78 ûnderdielen ferdield oer 15 dissiplines.

Medaljes

Medaljespegel 1 Noarwegen 13 5 7 25 2 Dútslân 12 16 8 36 3 Feriene Steaten 10 13 11 34 4 Kanada 7 3 7 17 5 Ruslân 5 4 4 13 6 Frankryk 4 5 2 11 7 Itaalje 4 4 5 13 8 Finlân 4 2 1 7 9 Nederlân 3 5 0 8 10 Eastenryk 3 4 10 17

Dielnimmende lannen thumb|260 px|Dielnimmende lannen. In rekordoantal fan 78 lannen die mei oan de Spullen. Dat wiene der seis mear as by de foarige edysje. Harren debút makken Hongkong, Kameroen, Nepal, Tailân en Tadzjikistan. Harren rentree makken Kosta Rika, Fidzjy, Libanon, Meksiko en San Marino. Yn ferliking mei de foarige edysje ûntbrutsen Lúksemboarch, Noard-Korea, Portegal en Urûguay. Uteinlik kamen fan 77 lannen dielnimmers yn aksje omdat de dielnimmers út Puerto Riko net meidwaan mochten.

Sjoch ek Paralympyske Winterspullen 2002

Keppeling om utens IOC webstee oer de Olympyske Winterspullen fan 2002

2002 Kategory:Barren yn 2002 Kategory:Salt Lake City Kategory:Sportevenemint yn de Feriene Steaten Kategory:Evenemint yn Utah Kategory:Skiednis fan Utah