De Strjitte fan Belle Isle of Labrador Strjitte is in seestrjitte dy't it eilân Newfoundland fan it Kanadeeske fêstelân skiedet. It is in noardlike útrinner fan de Saint Lawrencebaai.

De namme (Frânsk: détroit de Belle Isle) bestjut 'strjitte fan it moaie eilân' en is neamd nei it eilantsje Belle Isle (25 km²) dat oan de yngong fan dit wetter leit. De seestrjitte is acht oant tsien moannen it jier beferzen, hat sterke streamingen en de kontrei hat in grillich klimaat; skipfeart wurdt dêrtroch frijwat behindere.

Keppelings om utens Strait of Belle Isle ecoregion Now let's dig an expensive hole Artikel yn de Economist

Kategory:Seestrjitte yn Kanada Kategory:Seestrjitte fan de Atlantyske Oseaan Kategory:Wetter yn Kebek Kategory:Wetter yn Nijfûnlân en Labrador