Jenny Catharine "Jerine" Fleurke (Grins, 11 augustus 1973) is in eardere Nederlânske follybalster.

Jerine Fleurke kaam foar Nederlân út op de Olympyske Spullen fan 1996 yn Atlanta. Hja einige doe mei de Nederlânske ploech fiifde fan de alve dielnimmende lannen. Ek makke hja diel út fan de ploech dy't yn 1995 yn Arnhim de Europeeske titel helle. Yn totaal hat Jerine Fleurke 182 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech. Ynterlannen oersjoch NeVeBo Yn har aktive tiid as follyballer wie hja ûnder oare oansletten by de Algemene Maatschappij Voor Jongeren (AMVJ) út Amsterdam.

Sjoch ek List fan Nederlânske follyballers

Kategory:Nederlânsk follyballer Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1973