Nico Petrus Johannes Freriks (Uden, 22 desimber 1981) is in Nederlânsk follyballer. Hy waard berne yn Uden, mar hy waard grut brocht yn Horst (Limburch).

Nico Freriks die ienris mei oan de Olympyske Simmerspullen, nammentlik op de Spullen fan 2004 yn Atene. Hy waard doe mei de Nederlânske ploech njoggende. Op 1 oktober 2010 hat Nico Freriks 263 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.Nico Freriks by de NeVeBo

Hy hat yn de ôfrûne jierren by de folgjende klups spile: Havoc, Facopa v.c., SSS Barneveld, Noliko Maaseik (Belgje), Omniworld Almere, Hypo Tirol Volleybal (Innsbruck, Eastenryk), Knack Randstad Roeselare (Belgje), Jastrzebski Wegiel S.A. (Poalen), Zadkine Rotterdam Nesselande , Kalleh Manzandaran VC (Iran).

Yn it seizoen 2009/10 komt Freriks út foar Zadkine Rotterdam.Nesselande yn de Nederlânske A-League."Freriks tekent bij Nesselande", De Telegraaf, 10 oktober 2009 "Nico Freriks naar Polen", www.limburger.nl, Limburgs Dagblad, 18 juny 2008 Yn it seizoen 2010/11 kaam Freriks út foar Unicaja Almeria út Spanje. Nei dat seizoen komt er werom nei Belgje: hy spilet sowieso de folgjende twa seizoenen by Roeselare dêr't er tusken 2006 en 2008 ek al spile."Freriks terug naar Roeselare" NOS.nl, 17 maaie 2011

Sjoch ek List fan Nederlânske follyballers

Kategory:Nederlânsk follyballer Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Limburchsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1981