Sir Timothy Shelley, 2e Baronet fan Castle Goring (7 septimber 1753 – 24 april 1844) wie de soan fan Sir Bysshe Shelley, 1e Baronet fan Castle Goring en heit fan de romantyske dichter en dramaskriuwer Percy Bysshe Shelley.

Jeugd en ûnderwiis Shelley wie in soan fan Sir Bysshe Shelley en Mary Catherine Michell, Lady Shelley. Hy studearre oan de Universiteit fan Oxford en helle de bachelor's graad yn 1778; master waard er yn 1781. Dêrnei studearre er rjochten yn Lincoln's Inn.A Biographical Sketch by blupete: Percy Bysshe Shelley (1792-1822

Wurkpaad Shelley waard keazen as lid fan it parlemint (MP) foar it kiesdistrikt Horsham, Susseks by de algemiene ferkizings fan 1790 (-1792).Stooks Smith, Henry. Craig, F. W. S. (red), The Parliaments of England 1844-1850 2e edysje 1974. Parliamentary Research Services, Chichester ISBN 0-900178-13-2. Hy waard MP foar it distrikt New Shoreham by algemiene ferkiezings fan 1802.Stooks Smith, side 350 By de ferkiezings fan 1806, 1807 en 1812, waard Shelley opnij keazen foar Shoreham hold de parlemintssit oant er him weromloek by de ferkiezings fan 1818.

Persoanlik libben Shelley troude Elizabeth Pilford yn oktober 1791 en hja ferhuzen nei Field Place yn Warnham, sa'n 60 km bûten Londen. It pear krige fiif bern:

Percy Bysshe Shelley (4 augustus 1792-8 july 1822) John Shelley (15 maart 1806-11 novimber 1866) Dochter (ûnbekend) Dochter (ûnbekend) Dochter (ûnbekend)

Alle dochters fan Shelley bleaunen frijfaam.thePeerage.com - Person Page 3897

Titels Mr Timothy Shelley (1753-1790) Mr Timothy Shelley MP (1790-1815) Sir Timothy Shelley (1815-1844)

Shelley erfde de baronet-titel yn 1815, waard doe 2e Baronet Shelley, of Castle Goring, Susseks.

Kategory:Ingelske adel Kategory:Ingelsk politikus Kategory:Lid fan it Britske Legerhûs Kategory:Persoan berne yn 1753 Kategory:Persoan stoarn yn 1844