Otte Sijes Akkerman (Aldeboarn, 18 april 1872 - dêre, 28 desimber 1957) wie in blauferver en ferneamd folksdichter yn kristlike fermiddens, út de "Waling Dykstra-skoalle". Hy boaske yn 1897 oan Anna Harmsma (1871-1965) fan Beets De Wilde, stambeam.
Akkerman wie yn 1908 mei-oprjochter fan it Kristlik Frysk Selskip en siet ek tsien jier yn it bestjoer dêrfan. Hy skreau geregeld stikken yn it tydskrift Yn ús eigen tael en goed tritich jier hie er in rubryk yn de Grouster krante Frisia. Teffens wie er skriuwer en foarsitter fan in oantal ferieningen Abe de Vries: Dit is snobbersguod foar ús jongfolk; Frysk Deiblêd 7 augustus 2018, s. 13.
Wurk Foarjiersblommen - 1906 For elk whet - 1921 It nije foardrachteboek - 1923
Oer Akkerman , Fryske folksdichters, 1945 Jan Tjittes Piebenga, ‘XII. In nije ieu mei nije lûden’ In: Koarte skiednis fan de Fryske skriftekennisse (1957) by de DBNL
Kategory:Frysk blauferver Kategory:Frysk dichter Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk foardrachtskeunstner Kategory:Persoan berne yn Aldeboarn Kategory:Persoan stoarn yn Aldeboarn Kategory:Persoan berne yn 1872 Kategory:Persoan stoarn yn 1957