thumb|300px|right|It skoalgebou
It Stedsk Gymnasium Ljouwert (Stedelijk Gymnasium Leeuwarden), foarhinne ek wol Piter Jelles Gymnasium neamd, is in iepenbiere skoalle dy't it gymnasium oanbiedt. De skoalle is ûnderdiel fan skoallemienskip Piter Jelles, it hat likernôch 650 learlingen en it is te finen yn de stêd Ljouwert. De histoarje fan de skoalle giet werom nei it jier 1525. De skoalle is inkele jierren ferneamd nei Piter Jelles Troelstra.
It hjoeddeistige gebou datearret fan 1880 en ûndergie in grutte ferbouwing yn 1939.
De learlingeferiening Ljouwerter Gymnasiasten Klup waard oprjochte foar of yn 1893.
Bekende âld-learlingen Ina Adema, kommissaris fan de kening yn Noard-Brabân Pia Dijkstra, nijslêzeresse Sytse Douma, bedriuwskundige Sahar Hbrahim Gel, asylsykster Wilfred Genee, presintator Tjalling van der Goot, abbekaat Iris de Graaf, ferslachjouster fan de NOS Joost Klein, muzikant Pim Kooij, histoarikus Itzhak de Laat, shorttracker Lars de Leeuw, presintator en sjoernalist Louis Lyklema, eardere deputearre fan Fryslân Piet Paaltjens, dichter Kik Pierie, fuotballer Diederik Samsom, Twadde Keamerlid foar de PvdA Frederik August Stoett, taalkundige Jacobus Johannes Westendorp Boerma, histoarikus
Bekende âld-dosinten Eddy Scholl, earder skaakkampioen fan Nederlân.
Kategory:Skoalle yn Ljouwert Kategory:Middelbere skoalle yn Fryslân Kategory:Bouwurk yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1525 Kategory:Bouwurk yn Ljouwert Kategory:Bouwurk út 1880