Jacques Ewalds (Fenlo, 28 febrewaris 1940) is in eardere Nederlânske follyballer. Hy die ienris mei oan de Olympyske Spullen en helle dêr gjin medalje by.

Jacques Ewalds hearde ta de earste Nederlânske follybalploech dy't ôffurdige waard nei de Olympyske Spullen. Yn 1964 waarden by de Simmerspullen yn Tokyo judo en follybal yntrodusearre as Olympyske sport. Nederlân waard by de Simmerspullen fan 1964 achtste fan de tsien dielnimmende lannen. Yn totaal hat Jacques Ewalds 40 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.Ynterlannen oersjoch NeVeBo Yn syn aktive tiid as follyballer wie er ûnder oare oansletten by Valuas yn Fenlo.

Sjoch ek List fan Nederlânske follyballers

Kategory:Nederlânsk follyballer Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Limburchsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1940