Michael Petrus Christiaan "Michel" Everaert (Hulst, 21 april 1963) is in eardere Nederlânske strânfollybalspiler. Everaert foarme in follybalduo mei Sander Mulder.
Yn 1995 keazen Everaert en Mulder der foar om profesjoneel strânfollybal te spiljen. Yn totaal waard it duo fiif kear Nederlânsk kampioen. Doe't it strânfollybal op de Olympyske Spullen fan 1996 yn Atlanta in Olympyske Sport waard, woe it duo graach oan dy Spullen meidwaan. Der waard hurd treend, dat brocht se ta in sande plak op de wrâldranglist yn 1996, dat wie genôch om meidwaan te kinnen op de Spullen. It toernoai op de Spullen waard gjin súkses, it duo waard fuortdaliks útskeakele en einige op in santjinde plak.
Nei syn aktive tiid as strânfollyballer gie Michel Everaert yn tsjinst by it Nederlânsk Follybal Bûn. Funksje by de NeVeBo
Sjoch ek List fan Nederlânske follyballers
Kategory:Nederlânsk strânfollyballer Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Siuwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1963