thumb|150px|Johannes Wildeboer Johannes Wildeboer (Eindhoven, 12 septimber 1908 - Neuengamme, 19 desimber 1944) wie haad fan de Kristlike ULO yn Ferwert.
Under de Dútske besetting wie Wildeboer lid fan de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers (LO). Teffens wie er belutsen by allerhanne oare fersetsaktiviteiten.
Wildeboer waard op 19 novimber 1943 arrestearre troch ferried. Hy siet in jier yn kamp Vught en it kommando Oraniënburg fan it konsintraasjekamp Sachsenhausen. Dêrnei waard er oerbrocht nei Neuengamme, dêr't er op 19 desimber 1944 stoar.
Yn Ferwert is in strjitte nei Wildeboer neamd.
Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk misdieslachtoffer Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Frysk misdieslachtoffer Kategory:Persoan omkommen yn Neuengamme Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Ferwert Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1944