thumb|Pijtter Boeles
Pijtter (Pieter) Boeles (Ferwert, 4 maart 1795 - Grins, 26 april 1875) wie in Nederlânse predikant en taalkundige.Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse letteren (DBNL) en
Libben en wurk Pieter Boeles, soan fan Fryske lânbouwer Jetzo Boeles en Trijntje Pieters, studearre teology oan de universiteit fan Grins. Hy foltôge syn stúdzje yn 1817 mei in dissertaasje dy't útjûn waard troch útjouwerij J. Oomkens te Grins. Ek yn 1817 troude er yn Eelde mei Alberdina Janna Speckman. Efterinoar wie er predikant yn Penjum, Noardlaren en Noarddyk. It grutste part fan syn wurkpaad, fan 1827 oant 1870, wie er predikant by de herfoarme Stephanustsjerke fan Noarddyk. Dêrneist wie er lid fan it provinsjaal tsjerkebestjoer, praeses fan it klassikaal bestjoer fan Grins en lid fan it kolleezje fan tafersjoch op de tsjerklike administraasje fan de herfoarmen yn Grinslân. Yn 1853 wie er foarsitter fan de lanlike synode fan de herfoarme tsjerke.Garmer en Thesinger Express d.d. oktober 1999
Boeles publisearre yn de tiid dat er predikant wie oer ferskate saken, op it mêd fan godstsjinst, godstsjinstûnderwiis, tsjerkerjocht en skiednis. Teffens wie er de auteur fan it earste wurdboek fan it Grinslânsk, it Idioticon Groninganum: vergelijkend woordenboek van den Groningschen tongval dat lykwols net útjûn waard. It manuskript waard earst yn de jierren njoggentich fan de 20e iuw weromfûn troch de heechlearaar Grinslânske taal en kultuer Siemon Reker, dy't it yn 1997 printsje liet.E. Hoekstra & H. Scholtmeijer yn: Driemaandelijkse Bladen 49, 153-157. (1997) Fryske Akademy Woordenaar mei 1997
Yn 1850 krige Boeles in earedoktoraat fan de Ryksuniversiteit GrinsNieuwsblad van het Noorden d.d. 7 maart 1997 Friese dominee schreef eerste Groninger woordenboekNieuwe Rotterdamsche Courant d.d. 6 juny 1850 en doe't er fyftich jier predikant wie op 24 novimber 1867 waard er riddere yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.Provinciale Overijsselsche en Zwolsche courant d.d. 2 desimber 1867
Pieter Boeles stoar yn 1875 yn Grins yn de âldens fan tachtich jier. Syn soan Willem Boele Sophius Boeles (1832-1902) wie presidint fan it gerjochtshof yn LjouwertHet geheugen van Nederland: W.B.S.Boeles.
Kategory:Frysk predikant Kategory:Frysk teolooch Kategory:Frysk taalkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Nederlânsk predikant Kategory:Nederlânsk taalkundige Kategory:Nederlânsk teolooch Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Dialektwurdboekskriuwer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Ferwert Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1795 Kategory:Persoan stoarn yn 1875