De Confédération Européenne de Volleyball (CEV) is it kontinintale bestjoersorgaan foar de sport follybal yn Jeropa. It haadkantoar fan de CEV is yn Lúskemboarch.

Profyl Hoewol't de CEV pas oprjochte waard op 21 oktober 1963, wie it follybal al jierren dêrfoar tige populêr yn Jeropa. By it kongres fan 1947, dêr't de FIVB oprjochte waard, kaam de mearderheid fan de lannen út Jeropa. Nei de oprjochting fan de FIVB waarden rûnom yn Jeropa nasjonale follybalbûnen oprjochte, lykas yn Nederlân de NeVeBo dy't oprjochte waard op 6 septimber 1947 yn Amsterdam.

Follybal is útfûn yn de Feriene Steaten, mar yn it begjin wie it fral yn populêre sport yn East-Jeropa, nei't it yntrodusearre wie troch Amerikaanske soldaten ûnder de Earste Wrâldkriich. Yn de midden fan de iuw hie it follybal him al fierder ferspraat oer Jeropa. In protte technyken en taktyken binne dan ek yntrodusearre troch ferskate Jeropeeske lannen, it blokken waard bygelyks yntrodusearre troch Tsjechoslowakije yn 1938.

De lange en wichtige tradysje fan de sport yn Jeropa hat der ûnder mear soarge foar de struktuer dy't de CEV no hat, de CEV konkurrearret dêryn mei de FIVB yn omfang en folsleinens. It bûn is dan ek it grutste bûn dat de wrâld hat, ek organisearret it bûn it grutst tal jierlikse wedstriden en toernoaien. Mei yngong fan 2005 is it haadkantoar fêstige yn de stêd Lúksemboarch. De presidint fan it bûn is André Meyer.

De CEV organisearret ferskate toernoaien: foar it sealfollybal ûnder oare it Europeesk Kampioenskip, dêr't de earste edysje yn 1948 fan wie, de CEV Cup en de European League. Foar it strânfollybal wurdt troch de CEV it Europeesk kampioenskip organisearre. Fierder organisearret de CEV ek de kwalifikaasjewedstriden foar it Wrâldkampioenskip en de Olympyske Spullen. Ek wurde der ynternasjonale wedstriden organisearre mei oare oansletten follybalbûnen.

Lannen Jeropa wurdt beskôge as it sterkste kontinint op it mêd fan it follybal. De CEV hat meastentiids mear plakken reservearre by ynternasjonale wedstriden as oare kontinintale bûnen.

Ruslân hat nei alle gedachten it meast stabile follybal program, dêr't sawol de manlju as de froulju stimulearre wurde om it heechste nivo te heljen. Itselde kin ek fan Itaalje sein wurde, hoewol't it follybal foar froulju dêr pas letter folslein ûntwikkele wie.

Servje, Poalen, Itaalje en Nederlân meie ek rekkene wurde as kontinitale krêften foar it manljusfollybal. Op in leger nivo spilje ûnder oare lannen as Bulgarije en Frankryk. Wer in nivo leger binne der lannen as Dútslân, Spanje, Grikelân en miskien ek Portegal, dy't noch wol de mooglikheid hawwe om in sterke ploech op te bouwen.

By it follybal by de froulju is de konkurrinsje wat minder, lannen as Ruslân, Servje en Itaalje wurde hast net bedrige troch oare lannen. Nêst dy trije kin Dútslân, dy't spilers helle hat út sawol West-Dútslân as East-Dútslân, sjoen wurde as in tradisjoneel Europeesk follyballân. Ek kin der rekken hâlden wurde mei lannen as Nederlân en Roemeenje en mear resintlik Poalen en Bulgarije. Dy lannen hawwe faak wat wikseljende resultaten en binne faak ôfhinklik fan yndividuele kwaliteiten fan spilers.

Oansletten follybalbûnen Yn 2007 wiene de folgjende bûnen oansletten by de CEV: KoadeLânBûnALBAlbanian Federation of VolleyballANDFederació Andorrana de VoleibolARMFédération de Volleyball de la République d'ArmenieAUTÖsterreichischer Volleyball VerbandAZEAzərbaycan Voleybol FederasiyasıBLRBielorusskaia Federatsija VolejbolaBELFédération Royale Belge de VolleyballBIHOdbojkaški savez Bosne i HercegovineBULBulgarska Federatsiya VolejbolCROHrvatski odbojkaški savezCYPKypriaki Omospondia PetosfairisisCZEČeský Volejbalový SvazDENDansk Volleyball ForbundENGborder|link=|20px ENGVolleyball EnglandESPReal Federación Española de VoleibolESTEesti Võrkpalli LiitFERFlogbóltssamband FøroyaFINSuomen Lentopalloliitto F. Y.FRAFédération Française de VolleyballGEOGeorgian Volleyball FederationGERDeutscher Volleyball VerbandGIBborder|link=|20px GIBGibraltar Volleyball AssociationGREElliniki Omospondia PetosferiseosGRLborder|link=|20px GRLKalaallit Nunaanni Volleyballertartut KattuffiatHUNMagyar Röplabda SzövetségIRLVolleyball Association of IrelandISLBlaksamband ÍslandsISRIgud HaKadur'af BeIsraelITAFederazione Italiana PallavoloLATLatvijas Volejbola FederâcijaLIELiechtensteiner Volleyball VerbandLTULithuanian Volleyball FederationLUXFédération Luxembourgeoise de VolleyballMKD Odbojkarska Federacija na MakedonijaMLDFédération de Volleyball de la République de MoldavieMLTMalta Volleyball AssociationMONFédération Monégasque de VolleyballMNEOdbojkaški savez Crne GoreNEDNederlandse Volleybal BondNIRborder|link=|20px NIRNorthern Ireland Volleyball AssociationNORNorges VolleyballforbundPOLPolski Związek Piłki SiatkowejPORFederação Portuguesa de VoleibolROMFederaţia Română de VoleiRUSVserossijskaya Federatsiya VolejbolaSRBOdbojkaški savez SrbijeSCOScottish Volleyball AssociationSLOOdbojkarska Zveza SlovenijeSMRFederazione Sammarinese PallavoloSVKSlovenská Volejbalová FederáciaSUISwiss VolleySWESvenska VolleybollförbundetTURTürkiye Voleybol FederasyonuUKRUkrainian Volleyball FederationWALborder|link=|20px WALWelsh Volleyball Association

Nasjonale kompetysjes Europeesk kampioenskip follybal European League follybal

Klup kompetysjes Champions League Challenge Cup CEV Cup

Keppeling om utens Hiemside CEV

Kategory:Follybal Kategory:Ynternasjonaal sportbûn Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1963