Gerardus Schade (Gouda, 15 oktober 1619 - Delft, 20 maart 1679) wie in jezuïte pater.

Pater Gerardus Schade wie de earste pryster nei de reformaasje fan de RK-tsjerke te Hodenpijl (Súd-Hollân). Teffens wie er misjonaris op It Amelân fan 1651 oant 1662.

Schade stie oan op it stjoeren fan in ôffurdiging nei Oliver Cromwell (1652) yn de Twadde Ingelske Oarloch. It Amelân hie doe in aparte posysje yn Fryslân en de Republyk en besocht neutraal te bliuwen. Yn 1654 giene Liemme Piters en Durk Douwes nei Londen en hiene súkses.

Kategory:Nederlânsk mûnts Kategory:Nederlânsk kristlik preester Kategory:Roomsk-katolyk preester Kategory:Nederlânsk jezuyt Kategory:It Amelân Kategory:Skiednis fan Fryslân Kategory:Persoan berne yn 1619 Kategory:Persoan stoarn yn 1679