thumb|280px|Barbara Stok yn 2014 Barbara Stok (Grins, 24 febrewaris 1970) is in Nederlânsk stripmakker en slachwurker.
Libben en wurk Stok har strips kinne meast rekkene wurde ta it sjênre fan it autobiografysk tekenteltsje. De ferhalen beskriuwe de noeden en soargen fan in krityske frou yn de maatskippij fan no en spylje har meast ôf yn de omkriten fan har wenplak Grins. Sy ûntfong de Stripskipspriis foar har oeuvre yn 2009.
Yn 1996 joech hja in rige comics yn eigen behear út. Twa jier letter waard dizze "Barbaraal-rige" troch útjouwerij Nijgh & Van Ditmar bondele ûnder de titel, "Barbaraal tot op het bot". It album waard troch Stripschap nominearre foar bêste Nederlânske stripboek fan dat jier. De earste bondel spilet it poppoadium Vera faak in wichtige rol yn. Har twadde boek, "Je geld of je leven", wie ien fan de earste graphic novels yn Nederlân, in tekene roman. Yn dat wurk ferhellet hja yn ien tried wei troch oer de fulltime baan dy't de hie as sjoernalist/fotograaf.
Neist stripauteur is Stok ek warber as drummer. Sy spile yn ferskate bands en foarme mei har man Ricky van Duuren de trashpunk-formaasje de Straaljagers. De ûnderfinings fan de band yn in omgong yn Spanje ferwurke se ta in ferhaal yn it stripalbum "Op tour door Spanje". Yn 2010 ferskynde it printeboek "Over de levensgenieter die haar angst voor de dood wil verdrijven". Al filosofearjende oer de dea fynt Stok sa de sin fan it libben.
Sitaat 'Hoe't jo libje moatte? Dêr geane myn strips oer.'Barbara Stok, wijsgerig striptekenaar. Noorderbreedte, jiergong 34, nr. 4 2010
Bibliografy Barbaraal #1 (eigen behear, 1996) Barbaraal #2 (eigen behear, 1997) - mei in single fan The Melvins Barbaraal #3 (eigen behear, 1998) Barbaraal tot op het bot (Nijgh & Van Ditmar, 1998) Hippie! (De Plaatjesmakers, 1999) Barbaraal #4 - sex, drugs & strips (Nijgh & Van Ditmar, 2000) - mei in single fan Caesar en Shellac Je geld of je leven (Nijgh & Van Ditmar, 2003) Nu we hier toch zijn (Nijgh & Van Ditmar, 2005) Barbara weet het beter (Nijgh & Van Ditmar, 2006) Op tour door Spanje (Nijgh & Van Ditmar, 2007) Dan maak je maar zin (Nijgh & Van Ditmar, 2009) Was iedereen maar zoals ik (Rainbow Pockets, 2009) Over de levensgenieter die haar angst voor de dood wil verdrijven (Nijgh & van Ditmar, 2010) Vincent (Nijgh & Van Ditmar, 2012) Lang zal ze leven (Nijgh & Van Ditmar, 2013) De omslag, H.N. Werkman wordt kunstenaar (Nijgh & Van Ditmar, 2015) Toch een geluk (Nijgh & Van Ditmar, 2016)
Keppeling om utens Webside fan Barbara Stok
Kategory:Nederlânsk striptekener Kategory:Nederlânsk muzikant Kategory:Nederlânsk drummer Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1970