De Oliebol is de Aldjiersploech fan Vledder. De feriening waard oprjochte yn 1994 mei as doel in grut feest te hâlden by Ald en Nij lykas doarpen yn de omkriten. It earste feest waard hâlden yn restaurant-sealesintrum De Tippe. De earste stunt fan de ploech wie it weiheljen fan de middenstip fan de fuotbal-feriening yn Elslo. De Vesuviusploech út dat doarp hie it jier dêrfoar de middenstip út it âlde Abe Lenstra stadion fan SK It Hearrenfean helle. De middenstip fan fuotbalferiening OZC waard dêrnei helle om oandacht te freegjen foar de minne fjilden yn Vledder. Dêrby woe De Oliebol sa kontakt lizze mei har foarbyld de Vesuvius. Doelstelling fan de ploech wie fersterkjen fan it doarpsgefoel, minder fernielings mei Ald en Nij en it berikken fan jongelju berikke foar ferskate aktiviteiten.
Stunts (kar-út) 2010: Aksjekaravan fan FNV Bondgenoten 2009: Brûnzen byld Paulus de Boskkabouter 2008: Ellert en Brammert 2007: Houten giraffe, tigers en pinguins fan it Noorder Dierenpark Emmen 2006: ‘Kos met de Snor’ út Het Land van Ooit 1997: ‘All you need is love’ karavan út it programma fan presintator Robert ten Brink 1996: út elke provinsje fan Nederlân in plaknammeboerd mei dêryn it wurd ‘groen’ 1995: de middenstip fan fuotbalferiening OZC
Kategory:Kultuer yn Drinte Kategory:Aldjiersploech Kategory:Nederlânske feriening Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1994