Freepsum is in terpdoarp yn de gemeente Krummhörn yn de lânkring Auwerk yn East-Fryslân. Der wenje 413 minsken (31 desimber 2024) en leit sa'n tsien km noardwestlik fan Emden.

Geografy Freepsum leit sa'n 3 km súdeastlik fan Pewsum, it haadplak fan 'e gemeente. It terpdoarp ûntstie yn in knipklaailânskip op de grins mei it eastlik dêrfan lizzend seeklaaigebiet.

Sudeastlik fan it doarp lei de Freepsumer Mar, no drûchlein. It djipste punt leit 2,5 meter ûnder de seespegel en gou oant 1988 as meast lege punt fan Dútslân, mar der is fêststeld dat de gemeente Neuendorf-Sachsenbande in punt 3,5 meter ûnder de seespegel hat.

Skiednis Freepsum wurdt foar it earst yn 'e 10e iuw neamd as Fresbrahtteshem en yn 1255 as Frebestum. De hjoeddeistige plaknamme is sûnt 1355 gongber. It is in gearstalling fan de persoansnamme "Fresbraht" mei -um (hiem). De namme "Freshbraht" befettet op syn bar, njonken de stamnanne fan de Friezen, it Aldnederdútske eigenskipswurd braht, dat "glânzgjend" (ferlykje it Ingelske bright) betsjut.Freepsum, Gemeinde Krummhörn, Landkreis Aurich. (PDF; 893 kB) Doarpsbeskriuwings fan it Ostfriesische Landschaft; oproppen op 14 desimber 2012.

Yn Freepsum liet de Eastfryske haadling Folkmar Allena yn 1404 in boarch bouwe. Dy kaam letter yn it besit fan Ewo Houwerda fan Westerhusen. Yn 1436 waard it kompleks troch de Sirksena's yn oparbeidzjen mei de Hamboargers ferwoastge. It materiaal waard brûkt foar it fersterkjen fan de fêsting yn Emden]].Frank Both: Freepsum yn it wittenskiplike databank „EBIDAT“ fan it Jeropeeske Boargerynstitút, oproppen op 13 july 2021.

Yn it Hannoveriaanske tiidrek hearde Freepsum ta it Amt Emden (1824), dêryn ta it baljuwskip Larrelt en dêr wer yn it ûnderbaljuwskip Larrelt, dêr't njonken it haadplak en Freepsum ek Wybelsum, Twixlum, Logumer Vorwerk, Groß Midlum en Westerhusen ta hearden.Curt Heinrich Conrad Friedrich Jansen: Statistisches Handbuch des Königreichs Hannover 1824. side 165 f.; argivearre.

De Kreisbahn Emden–Pewsum–Greetsiel, hie yn Freepsum in stasjon, mar dy waard yn maaie 1963 sletten en dêrnei ôfbrutsen.

Freepsum wie oant de foarming fan de gemeente Krummhörn yn 1972 in selsstannige gemeente.

Wapen It wapen bestiet út in gouden wettermûne boppe in sulveren weagjende balke oan 'e foet fan it skyld.Karl Leiner: Panorama Landkreis Norden. Bilder, Wappen, Menschen, Notizen. Landkreis Norden, Norden 1972. Side 117 Yn it gebiet om Freepsum hinne stiene eartiids ferskate fan sokke wettermûnen, dy't sûnt 1664 tsjinnen foar it ôfwetterjen fan de trije marren om Freepsum hinne: de Freepsumer Mar, de Uhlsmar en de Sânmar. Blau en goud binne de wapenkleueren fan de famylje Allena, dêr't de njonkelytsen ferdwûne boarch ta hearde, dat yn 1404 yn it ferdrach tusken Keno tom Brok en Folkmar Allena as syn besit erkend waard.

Tsjerke De Freepsumer tsjerke is yn de 13e iuw boud.

thumb|left|It eardere djipste punt fan Dútslân

Keppeling om utens Beskriuwing fan Freepsum (PDF; 893 kB) yn 'e Doarpebeskriuwing fan it Ostfriesische Landschaft

Kategory:Krummhörn Kategory:Plak yn Auwerk (distrikt) Kategory:Plak yn East-Fryslân