Canum is in Eastfrysk terpdoarp yn de Dútske gemeente Krummhörn, dielsteat Nedersaksen, en hat 276 ynwenners (2020). It plak leit in 1,5 km súdeastlik fan Pewsum, it haadplak fan de gemeente, en moat it fan it toerisme hawwe.

Skiednis Canum ûntstie op in terp yn in knipklaailânskip.Doarpsbeskriuwers fan it Ostfriesische Landschaft: Canum, Gemeinde Krummhörn, Landkreis Aurich (PDF; 21 kB) oproppen op 14 augustus 2026. Canum wurdt foar it earst neamd yn 950, mar doe as Caninghem. Letter waard de namme ek wol oars stavere; en is faaks ôflaat fan de famyljenamme Caning. Keramykfynsten wize op dat Canum al yn 'e 1e iuw f.Kr. oant de 3e iuw n.Kr. bewenne waard.

Boppe op de terp waard yn de 13e iuw de tsjerke boud, letter kaam der in klokketoer neist. Al yn 1581 krige Canum in skoalle, dy't no as lykhûs tsjinst docht. Lykas yn de measte plakken fan Krummhörn ferlear ek Canum yn de 19e iuw in protte fan syn ynwenners. Yn de jierren 1967 oant 1969 kaam der in brânwarkazerne en in doarpshûs.

Tsjerke De tsjerke is yn de twadde helte 13e iuw yn letromaanske styl boud. De tsjerke hat ien romte en stiet op it heechste punt fan de terp. Apart yn de bouskiednis is dat de yngong in de rin fan de tiid hieltyd wer ferpleatst waard. It gebou hat fierders ribferwulften. Yn 2010 krige de tsjerke in nij oargel.

Keppeling om utens Partikuliere webside oer Canum Beskriuwing fan Canum yn 'e doarpebeskriuwing fan it Ostfriesische Landschaft

Kategory:Krummhörn Kategory:Plak yn Auwerk (distrikt) Kategory:Plak yn East-Fryslân