Robbert Andringa (28 april 1990) is in Nederlânske follybalspiler. Hy begûn syn karriêre as follyballer by de follybalklup Sudosa, yn Assen. Dêrnei kaam er yn Grins by Lycurgus telâne. Dêrmei spilet er yn de heechste follybalkompetysje fan Nederlân: de A-League. Hy hat ek al ferskate wedstriden spile yn it Nederlânsk follybalteam, op 1 oktober 2010 hat er 11 ynterlannen spile.

Op 29 jannewaris 2011 hat Robbert Andringa in brutsen skonk oprûn. Yn de wedstriid fan syn klup tsjin Orion kaam er by in poging om te blokken ferkeard op de grûn del. Nei oerlis waard dy wedstriid staakt. NOS, Volleyballer Andringa breekt been, 29 jannewaris 2011

Sûnt septimber 2008 studearret Andringa oan de Hânzehegeskoalle Grins.

Sjoch ek List fan Nederlânske follyballers

Kategory:Nederlânsk follyballer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Drintsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1990