thumb|left|150px|Romme yn 1951 Carl Paul Maria Romme (Oirschot, 21 desimber 1896 – Tilburch, 16 oktober 1980) wie in Nederlânske advokaat, rjochtsgelearde en politikus. Hy wie de foaroanman fan de KVP dy't mei Drees yn de jierren nei WOII de Nederlânske polityk oerhearske.
Romme studearre Rjochten oan de Universiteit fan Amsterdam en waard dêrnei abbekaat.
Foar de Twadde Wrâldkriich wie Romme as jong Amsterdamsk gemeenteriedslid al in fûl katolyk politikus. Nei in heechlearaarskip yn Tilburch waard er yn 1937 minister fan Sosjale Saken yn it fjirde Kabinet-Colijn. Hy stribbe nei in mear aktive wurkgelegenheidspolityk en stipulearre de wurkleazen om yn nazi-Dútslân oan it wurk te gean. Dat resultearre yn 1938 yn twongen tewurkstelling fan 18.000 manlju yn Dútslân. Wegering hie koarting op de útkearing fan gefolgen. At Romme yn De Haach wie, wenne er yn 'Hotel De Witte Brug'.
Romme waard ek bekend fan syn sparregeling foar wurkleazen ('it kwartsje fan Romme'). Desimber itselde jier stelde er út betelle wurk foar troude froulju te ferbieden (útsein at sy allinne de kost fertsjinje moasten).
Nei de oarloch waard er net wer minister, faaks hie syn rol yn de oarloch (kommissaris fan in reklamebedriuw dat ek foar de Dútsers wurke) dêr mei te krijen. Hy wie yn 1951 wol ynformateur foar it Kabinet-Drees I. Oant 1961 wie er fraksjelieder en waard doe steatsried. Teffens wie er polityk kommentator fan de Volkskrant. Hy hie de bynamme: 'de Sfinks fan Overveen', nei it doarp dêr't er fan 1938 oant yn de jierren '50 wenne.
Keppeling om utens Biografy, Biografysk Wurdboek fan Nederlân
Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk rjochtsgelearde Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:KVP-politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Nederlânsk minister fan Sosjale Saken Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1896 Kategory:Persoan stoarn yn 1980