thumb|De Histotolk as de 17e-iuwer Luitenant Frans. thumb|De Dichter Frank Spijkers (Amsterdam, 1964) is in akteur en skriuwer. Spijkers woeks op oan de Amstel yn Amsterdam. Op skoalle hie er al niget oan skiednis. Yn 1985 ferfear er nei It Bilt. Nei it TWU folge er twa jier in jûnsstúdzje Skiednis twaddegraads, mar makke dat net ôf. Sûnt 2000 wennet er yn Boyl en hy besiket dêrom it Stellingwerfsk te learen. Frank Spijkers is de broer fan Mark Spijkers.
Drama Sûnt 2001 spilet er histoaryske foarstellings op benammen basisskoallen. Hy neamt him dan 'Histotolk'. Earst spile er allinnich in Romein, letter binne der ek oare skiednisfigueren bykaam. Dêrneist skriuwt en dichtet er. Bytiden jout er publike foardrachten, allinnich of yn de mande mei oare keunstners. Ek spilet er mei syn broer Mark Spijkers as De Performer Meets Graaf van Medwert.
Yllustraasjes Spijkers makket yllustraasjes foar boekjes en dekors. Doe't Stellingwerf yn 2009 sânhûndert jier bestie ferskynde syn tekenteltsje "Terug naar Stellingwerf/Weeromme naor Stellingwarf" yn de regionale kranten De Stellingwerf en de Nieuwe Ooststellingwerver.
Skilder De measte wurken binne yn oaljeferve op houtpaniel. Weromkommende tema's binne lânskippen, skiednis en in inkeld portret.
Bibliografy Dichter(b)ij, in aparte bondel yn de foarm fan in Romeinske boekrôle. Taal en Teken, gearstald foar www.dichtjournaal.nl. Zwart-Wit, toanielstik foar groep 7/8 fan de basisskoalle mei as tema Diskriminaasje De avonturen van Marius, ferhaal foar basisskoallen Terug naar Stellingwerf/Weeromme naor Stellingwarf, in tekenteltsje oer Stellingwarf 700 jier
Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk byldzjend keunstner Kategory:Nederlânsk yllustrator Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk byldzjend keunstner Kategory:Frysk yllustrator Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Boyl Kategory:Persoan berne yn 1964