thumb|Hillige Stefanus Stefanus (Gryksk: Στέφανος, Stephanos; Judéa, begjin 1e iuw – Jeruzalim 36) jildt as de earste martelder fan it kristendom. Hy wie diaken fan de earste kristlike gemeente. Hy waard stiennige nei't er yn Jeruzalem de hegepryster en de âldsten fan de moard op de Messias beskuldige hie. De lettere apostel Paulus wie it iens mei syn eksekúsje.
Stefanus stoar yn 35. Neffens leginde waard syn lichem yn 415 yn Jeruzalem fûn. It lichem waard oer Konstantinopel nei it Fatikaan yn Rome brocht. De oerbliuwsels waarden yn it grêf fan Laurentius fan Rome byset.
Syn feestdei wie fanâlds op 3 augustus, dan waard de fynst fan syn lichem ûnder it regear fan Keizer Honorius betocht. 26 desimber is de nammedei fan Stefanus, Sint-Steffensdei.
Utbylding Sint-Stefanus Stefanus wurdt meast ôfbyld yn de klaaiing fan diaken, de dalmatyk. It is faak in jonkeardel sûnder burd dy't der freonlik útsjocht. As attribút draacht er stiennen dy't er faak op de holle, yn de hannen of op de skouders hat, al as net bebloede.
Kategory:Evangelist Kategory:Joadsk persoan yn de Romeinske Tiid Kategory:Persoan yn it Nije Testamint Kategory:Hebriuwsk hillige Kategory:Roomsk-katolyk hillige Kategory:Anglikaansk hillige Kategory:Eastersk-otterdoks hillige Kategory:Eastersk-katolyk hillige Kategory:Koptysk-otterdoks hillige Kategory:Syrysk-otterdoks hillige Kategory:Armeensk-otterdoks hillige Kategory:Nestoriaansk hillige Kategory:Persoan dy't de deastraf krigen hat Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is Kategory:Persoan berne yn de 1e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 36