Albertus Antoni Hinsz (Hamburch, 1704 - 1785) wie in wichtich fuortsetter fan de Noard-Dútske oargelboutradysje. De Noard-Dútske oargelboutradysje yn Nederlân belibbe in hichtpunt troch de komst fan de Dútske oargerbouwer Arp Schnitger. Hinsz wie learling fan Frans Caspar Schnitger sr., soan fan Arp Schnitger, en/of Joachim Richborn.

Libben en wurk Hy waard berne yn Dútslân, mar sette him yn 1728 nei wenjen yn Grins en troude yn 1732 mei de widdo fan F.C. Schnitger. Twa letter ferneamd wurden Fryske oargelbouwers binne as feint by Hinsz begûn: Lambertus van Dam en Albertus van Gruisen. Ek Frans Casper Snitger jr., Heinrich Hermann Freytag en Matthijs Hansen Hardorff hawwe in wichtige rol spile yn Hinz syn oargelmakkerij en sette it bedriuw fuort nei syn dea.Skiednis firma Roelf Meijer, oargelbouwers

It wurk van Hinsz hat wat klank oanbelanget opfallende skaaimerken. Dit komt fral omdat er syn folstimmen faak op tertsen basearre hat. Tertsmiksturen meitsje de klank 'sulvereftich' en dêrom kin in Hinsz-oargel sûnder mis herkend wurde. De opbou fan syn ynstruminten is ek karakteristyk. De frontyndielingen binne tige karakteristyk en yn earste line grûnfêste op it ynstrumint fan syn grutte foargonger Schnitger yn de Grutte of Sint-Michaelstsjerke fan Swol.

Hinsz boude ûnder oaren oargels yn Zandeweer (1731), Liens (1733), Midwolda (1772) en Uithuizermeeden (1785). Under de bou fan de lêste stoar Hinsz. Syn grêf is yn de Luterske Tsjerke te Grins, dêr't ek in tinkstien pleatst is. Fierders binne der oargels fan him yn Haren, Damwâld, Roan, Tsjom, Wassenaar. Grutte ynstruminten fan him stean yn Harns (1776) en Boalsert (1781). Ek as restaurateur en ombouwer fan ynstruminten hat Hinsz tige warber west. Sa hat er it Rêchwurk fan it oargel yn de Martinitsjerke yn Grins (1730) en fan it oargel yn de Herfoarme tsjerke fan Peize (1758) boud. It sierwurk fan syn oargels waard ûnder oaren dien troch de byldsniër Casper Struiwig.

Faaks is it grutte oargel yn de Bovenkerk te Kampen (1744) syn meast yndrukmeitsjende wurk. Dit oargel is wat piipwurk oangiet fral in fúzjeoargel. In protte pipen binne âlder as Hinsz. Der sit piipwurk yn fan in oar bekend oargelbouwerslaach út de 17e iuw, de famylje Slegel, mar ek fan in grut tal oargelbouwers fan foar en nei Hinsz.

Tsjerken mei in Hinsz-oargel jier plak tsjerke byld manualen registers opmerkingen 1730/40 Grins Martinitsjerke center|160x160px III/P 47 Utwreiding fan it oargel fan Arp en Frans Caspar Schnitger; no (III/P/52) noch 2-3 registers fan Hinsz bewarre 1731 Zandeweer Herfoarme Tsjerke 160x160px II/p 16 Earste nijbou fan Hinsz; yn 19e en 20e iuw wizigings yn de disposysje 1733–34 Liens Petrustsjerke center|160x160px II/P 27 Nijbou fanwege Anna Habina Lewe, douairiêre Van Starkenborg; yn 19. en 20e iuw wizigings 1735 Loppersum Herfoarme Tsjerke center|160x160px II/p 20 Nij piipwurk yn haadwurk fan ien út 1562; yn 1803 ferfanging fan it piipwurk fan it rêchwurk troch H.H. Freytag 1738 Kampen Broedertsjerke center|160x160px III/P 32 Nijbou mei gebrûk fan registers fan it âlde oargel; 1822 ombou troch A. van Gruisen (II/p); letter útwreiding en wizigings 1739 Bronkhorst Herfoarme Kapel 160x160px I 7 Nijbou fan in kabinetoargel foar Utert(?); wizigingen yn de disposysje 19e iuw; hat op ferskate plakken stien 1739 Utert Akademygebou 160x160px II/P 22 Ienklaviers nijbou foar Luterske tsjerke Dimter 1741–43 Kampen Boventsjerke center|160x160px III/p 33 Ombou en útwreiding fan oargel fan Slegel (1676) ta grutste oargel fan Hinsz; yn 1790 in selsstannich pedaal en in boarstwurk fan H.H. Freytag en F.C. Schnitger (IV/P/46) derby; letter wizigingen; no IV/P/56 1744 Appingedam Nicolaïtsjerke 160x160px II/p 20 Nijbou; goed bewarre 1751 Meeden Benediktustsjerke 160x160px I/p 8 Nijbou 1752/68 Noardbroek PKN Tsjerke center|160x160px II/P 24 Utwreiding fan oargel fan Arp Schnitger (1696) en wizigingen yn de disposysje; 1809 selsstannich pedaal fan H.H. Freytag derby; 1855 wiziging troch P. van Oeckelen 1754 Kampen Bûtentsjerke center|160x160px II/P 20 Nijbou, wol âld piipwurk brûkt 1758 Peize Jehannestsjerke 160x160px II/P 22 Rêchwurk oan âlde oargel fan A. Verbeeck (1631) tafoege; oargel oant 1862 yn de Pepergasthûstsjerke yn Grins 1765 Tsjom Jehannestsjerke center|160x160px II/p 20 Ombou fan it oargel fan Stevens 1763–66 Lier Große Kirche 160x160px II/p 21 Oargel fan Marten de Mare (1609) ta in nijenien omboud, útwreiding fan haadwurk kwa disposysje en klavieren, nije kast en tafoeging fan in rêchwurk; no III/P/37 1766–67 Seisbierrum Sixtustsjerke center|160x160px II/P 27 Nijbou; in 1922-24 piipwurk ferfongen; ses-register fan Hinsz nei Boarnburgum, ien nei Waaksens en fjouwer nei Sebaldebuorren 1769 Wassenaar Doarpstsjerke center|160x160px II/p 13 Nijbou; 1792 tafoeging fan in rêchwurk troch L. van Dam; no I/p/20 1770 Haren Nikolaastsjerke center|160x160px I/P 13 Nijbou 1772 Midwolda Krústsjerke center|160x160px II/P 33 Nijbou; goed bewarre 1774 Grins Pelstergasthûs center|160x160px II/p 20 Utwreiding fan it oargel fan Arp Schnitger (1693/1712); 1875 wizigings yn de disposysje fan P. van Oeckelen 1775–76 Harns Grutte Tsjerke center|160x160px II/P 34 Nijbou; 1864 wizegingen troch P. van Oeckelen 1776–77 Dantumawâld Benediktustsjerke 160x160px I/p 8 Nijbou 1777–78 Minnertsgea Meinardstsjerke 160x160px II/p 20 Nijbou; ferbaarnd yn 1947 1780 Roan Katarinatsjerke 160x160px II/p 17 Nijbou 1781 Boalsert Martinitsjerke center|160x160px II/P 34 Nijbou; 1861 in boppewurk taheakke troch L. van Dam; nû. III/P/42 1783 Driezum Grutte Tsjerke center|160x160px I/p 11 Nijbou; wizigingen yn 19. en 20e iuw 1783 Godlinze Pankratiustsjerke center|160x160px I/p 12 ombou fan it twaklaviers oargel fan Arp Schnitger (1704) yn in ienklaviers ynstrumint 1785 Uithuizermeeden Mariatsjerke 160x160px II/P 28 lêste nijbou, net troch Hinsz foltôge; letter ferskate wizigings

Keppelings om utens Hinsz - Schnitger - Freytag oargel te Noordbroek oargel te Boalsert oargel yn de Bovenkerk te Kampen disposysjes fan û.o. Hinzs-oargels (PDF-dokumint; 113 kB) oersjoch oargels yn Nederlân (PDF-dokumint; 169 kB)

Kategory:Dútsk oargelbouwer Kategory:Persoan berne yn 1704 Kategory:Persoan stoarn yn 1785