Eilsum is in Eastfrysk terpdoarp yn de Dútske gemeente Krummhörn, dielsteat Nedersaksen. It doarp hat 572 ynwenners (2020).
Geografy Eilsum leit 13 km noardwestlik fan Emden en 5 km noardeastlik fan Pewsum, it haadplak fan 'e gemeente. It doarp leit op in terp dy't op in fan noardeasten nei súdwesten rinnende kwelderrêch leit en leit yn seeklaailânskip. Westlik fan de kwelderrêch komt mear knipklaai foar. De terp hat in hichte fan 5,8 meter boppe seenivo yn in gea dat likernôch 0 oant 1 meter boppe seenivo leit.Doarpsbeskriuwings fan it Ostfriesische Landschaft: Eilsum , oproppen op 18 april 2013.
Skiednis It doarp waard yn 1370 foar it earst neamd as Ethilsum en lettere nammen wiene Eddelsum (1439), Elsum (1422) en Eylsum (1625). De hjoeddeistige skriuwwize is sûnt 1696 gongber. De namme is in gearstalling fan de persoansnamme "Ethil" of "Edilo" en "hiem" en betsjut dus "hiem fan it laach fan Ethil".
Noardlik fan Eilsum lizze twa lytsere terpen yn it lân. Op in tredde terp yn 'e buert fan it doarp waard by it ôfgraven fan de grûn oerbliuwsels fan minsklike bewenning fûn. By it bouwen fan in silo yn 1935 waarden minsklike skeletten fûn. Fjouwer skeletten leine op in djipte fan likernôch 2,25 ûnder it ierdoerflak. Neffens útkomsten fan it argeologysk ûndersyk gie it om in begraafplak dy't likernôch fan 'e 12e iuw komt. Skerven fan bolfoarmige potten út 'e Karolingyske tiid, ôfkomstich fan it âldste delsettingslaach, wize op bewenning yn 'e 7e en 8e iuw.
Neffens Otto Galama Houtrouw wie "Sibrandus in Ethilsum", dy't yn in oarkonde fan 7 july 1370 neamd wurdt, ien fan de earste Eastfryske haadlingen fan it doarp. Fan de Boarch Eilsum, dêr't hy en syn opfolgers wennen, is allinnich it boarchplak noch fan oer. It byhearrend lânguod is ûnderwilens al lang yn besit fan pleatslike boeren.
Yn de midsiuwen lei Eilsum oan in sydtakke fan de Bocht fan Sielmönken, dy't yn ferskate stappen yndike waard.W. Schwarz: Argeologysk ûndersyk Eilsum (2001). Mittelalterliche Warftsiedlung. oproppen op 22 maaie 2021. Der wie doe in syl yn it doarp, dy't foar it ôfwetterjen fan It Greetmer Amt soarge, dy't útmûne fuortendaliks noardlik fan it neie doarp Grimersum yn de Leybocht. Foar it ynpolderjen berikte it seewetter by floed noch oant Eilsum ta. Yn 1461 waard de âlde syl, dy't folslein tichtslike wie, ôfbrutsen en by Angernwehr fannijs weropboud. Nei 150 jier wie ek dy syl tichtslike. Dêrom waard yn 1605 healwei de rûte fan Eilsum nei Greetsiel in kanaal oanlein. De Oll' Deep, in dearinnende wetterrin, tinkt hjoed-de-dei noch werom oan dat eardere syldjip.Karl Leiner: Panorama Landkreis Norden. Bilder, Wappen, Menschen, Notizen. Landkreis Norden, Norden 1972. Side 117
Yn 1744 kaam Eilsum, lykas gâns Eastfryslân ta oan Prusen. De Prusyske amtners stelden yn 1756 in statistysk oersicht fan de ambachten yn Eastfryslân op. Dat jiers wiene der yn Eilsum, mei Middelstewehr en Hösingwehr ynbegrepen, 22 keap- en amnbachtslju, lykas fjouwer skuonmakkers, trije bakkers, twa linnenswevers, smidden en timmerlju en ien kûper, glêsmakker, mitselder, weinmakker en kleanmakker. De twa keaplju hannelen yn sâlt, tabak en sjippe.Karl Heinrich Kaufhold, Uwe Wallbaum: Historische Statistik der preußischen Provinz Ostfriesland (Quellen zur Geschichte Ostfrieslands, diel 16), útjouwerij Ostfriesische Landschaft, Auwerk 1998, ISBN 3-932206-08-8, side 387.
Yn it Hannoveriaanske tiidrek, hearde Eilsum ta it Amt Greetsiel en foarme dêrûnder mei de doarpen Greetsiel en buorskippen Hauen en Middelstewehr it ûnderbaljuwskip Eilsum yn it baljuwskip Greetsiel, dêr't rûchwei it noardlike part fan Krummhörn tusken Greetsiel en Wirdum yn ûnderbrocht waard. It oare ûnderbaljuwskip hie syn sit yn Grimersum.Curt Heinrich Conrad Friedrich Jansen: Statistisches Handbuch des Königreichs Hannover 1824. side 166, oproppen op 21 maaie 2013.
Yn it ramt fan de Hannoveriaanske weryndieling yn 1859 waard it Amt Greetsiel opheft en by it Amt Emden foege. By de Prusuyske weryndieling yn 1885 waard út it Amt Emden de landkreis Emden foarme, dêr't Eilsum neitiids ta hearde.
Op 1 july 1972 waard Eilsum yndield by de doe nijfoarme gemeente Krummhörn.
Histoaryske kaarten fan Eilsum
Wapen It wapen fan Eilsum bestiet út in yn it grien opfleanende sulveren earn mei in gouden tonge, mei dêrûnder in goude seispuntich spoarerêd. Fan de haadling Sybern to Edelsum is in segel bewarre bleaun út in oarkonde fan 10 juny 1427, dêr't tusken in ienhoarn en in hûn as skyldhâlders in wapen mei in earn op ôfbylde is. Ta weromtinken oan de ûnôfhinklike haadlingen fan Eilsum waard de omheech fleande earn yn it skyld pleatst. Ut it wapen fan de stêd Norden is it spoarerêd oernommen, dat de bân fan de gemeente mei it distrikt Norden oanjout, oant dy op 1 augustus 1977 by de lânkring Auwerk foege waard. De griene skyldgrûn stiet foar de feetylt en greidebou, de wichtichste boarne fan ynkommen fan de ynwenners fan Eilsum.
Tsjerke thumb|Tsjerke fan Eilsum Op it heechste punt fan de terp stiet de Eilsumer tsjerke dy't tusken 1240 en 1250 boud is. De tsjerke hat in koartoer, de iennige yn East-Fryslân.
Pleatsen Nijsgjirrich is dat der op de terp noch mar trije pleatsen steane. Oaren steane oan de foet fan de terp of op de fiif "Wehren", buorskippen dy't ûnder it doarp falle: Hoesingwehr, Bolkewehr, Middelstewehr, Angernwehr en Uiterstewehr. Likernôch 50 oant 100 jier lyn waarden guon pleatsen ôfbrutsen of sa lytser makke, dat se net langer as "pleatsen" oantsjut wurde kinne.
Keppeling om utens Beskriuwing fan Eilsum yn de doarpebeskriuwings fan it Ostfriesische Landschaft -PDF-dokumint
Kategory:Krummhörn Kategory:Plak yn Auwerk (distrikt) Kategory:Plak yn East-Fryslân