Mitsubishi Ki-46 thumb|275px|Mitsubishi Ki-46 Fabrikant Mitsubishi Earste flecht septimber 1939 Yn tsjinst july 1941 Produksjejierren1941 oant 1944 Tal makke 1742
De Mitsubishi Ki-46 "Dinah" wie in flugge twamotorige ferkenningsfleanmasine fan it Keizerlik Japanske leger yn de Twadde Wrâldkriich.
De earste flecht fan it prototype wie 14 novimber 1939. De earste produksjemodellen waarden yn 1941 operasjoneel. De waard yn it foarste plak as lange-ôfstâns ferkenner ynset. Mei in topfaasje fan boppe de 600 km/o wie it ek foar te fluchste Alliearde jagers tige dreech om him te ûnderskeppen.
It ûntwerp fan de Ki-46 wie konvinsjoneel: in leechdekker mei in grutte cockpit fan glês foar twa man en twa stjermotors yn de fleugels. It tastel hie goede aerodynamyske kwaliteiten. Tsjin de ein fan de oarloch wiene der 1742 eksimplaren fan makke.
Spesifikaasjes
Ki-46-III Lingte: 11,00 m Spanwiidte: 14,70 m Hichte: 3,88 m Oandriuwing: twa dûbelstjermotors Mitsubishi Ha-112-II fan sa'n 1100 kW (1500 hk) Topfaasje: 630 km/o op 6000 m Fleanberik: 4000 km Tsjinstplafond: 10.500 m Bemanning: 2 Gewicht leech: 3831 kg Gewicht fol: 5722 kg Bewapening: gjin
Ki-46-III-KAI Lingte: 11,48 m Spanwiidte: 14,70 m Hichte: 3,80 m Fleugeloerflak: 32,40 m² Oandriuwing: twa luchtkuolle 14-sylinder-stjermotors Mitsubishi Ha-112-II, mei 1525 hk startfermogen Topfaasje: 610 km/o op 7000 m, 630 km/o op 6000 m Klimtiid nei 8000 m: 19 min Fleanberik: 2000 km Tsjinstplafond: 10.500 m Bemanning: 2 Gewicht leech: 3820 kg Maks. startgewicht: 6230 kg Bewapening: ien 37 mm-kanon (Ho-203), twa 20 mm-kanonnen (Ho-5)
Keppelings om utens http://www.rafmuseum.org.uk/ Mitsubishi Ki-46 "Dinah"
Kategory:Japanske ferkenningsfleanmasine Kategory:Japanske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1939