Easterwâlde is sûnt 1886 it haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf yn 'e provinsje Fryslân. It doarp leit op fiif kilometer fan Appelskea oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart yn it noarden fan de gemeente. De Opsterlânske Kompanjonsfeart, dy't ûnderdiel is fan De Turfrûte, trochsnijt it doarp. Njonken Easterwâlde sels hearre ta himrik ek in grut tal buorskippen.
Easterwâlde is it grutste doarp fan de gemeente mei ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis Easterwâlde waard hiel miskien al yn 1207 neamd, doe't it kapittel fan Sint-Marie yn Utert oan in sekere Sibodo en Dodo in pleats yn 'Alferhove' ferkocht, dy't harren heit Wibrandus Tizelinga yn pacht hân hie. Yn in fuotnoat fan it dokumint waard skreaun dat Altferhove ûnbekend is, mar blykber wol yn Fryslân en by Easterwâlde yn Stellingwerf.Dr. T.H. OosterwoklGeschiedenis van Ooststellingwerfse dorpen, side 154 Yn 1228 waard Easterwâlde dúdliker neamd as in 'Goswinus út Easterwâlde' stjert by in slach tusken Friezen en Drinten. De biskop fan Utert hie de Friezen oproppen om in ein te meitsjen oan in skeel mei de fâd fan Koevorden, dy't troch de Drinten stipe waard. De manlju út Fryslân kamen by Aldeberkeap by inoar om dêrwei Drinte yn te lûken, mar waarden troch de Drinten en Stellingwervers op de heide yn Bakkefean ferslein. Ek waard de namme fan it plak dúdlik neamd yn 'e registers fan it bisdom Utert fan de jierren 1325-1326: Item Gert Guedinck een tiende tot Oesterwolde ghelegen to Stellincwarf.
Fan oarsprong is Easterwâlde in Drintsk doarp en it is ien fan de tolve doarpen dy't harren yn 1328 ôfskieden fan Drinte en foegen by de Friezen fan Stellingwerf. It doarp Easterwâlde ûntstie út in grut tal lytse boeremienskippen mei mienskiplike brinken, wêrfan It Oast de kearn foarme.Dr. T.H. OosterwoklGeschiedenis van Ooststellingwerfse dorpen, side 155 thumb|left|Ursulatsjerke De âlde tsjerke fan Easterwâlde wie foar de reformaasje oan Sint-Ursula wijd, Corpus Roemeling alhoewol't der ek boarnen binne dy't Bonifatius as patroanhillige neame.Dr. T.H. OosterwoklGeschiedenis van Ooststellingwerfse dorpen, side 174-175 Mooglik stie de earste tsjerke fan Easterwâlde op in ierkristlik tsjerkhôf by de brêge fan it Jardingapaad oer it Grutdjip. De grutte klok fan de klokkestoel datearret fan 1492. In lytsere klok út 1728 is yn 'e Twadde Wrâldkriich ferdwûn, mar nei de oarloch ferfongen. It sânstiennen doopfont is noch âlder dan de grutte klok en stamt út de 14e iuw. De tsjerke op it hjoeddeiske plak waard yn 1735 boud. Yn 1929 krige Easterwâlde ek in grifformearde tsjerke.Dr. T.H. OosterwoklGeschiedenis van Ooststellingwerfse dorpen, side 174-175 thumb|left|Nanningafallaat Sûnt it begjin fan it graven fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart waard de feart jimmeroan langer makke oant ek Easterwâlde oan dy feart kaam te lizzen. Oan it begjin fan de 19e iuw waard súd fan it doarp it kanaal groeven, de slûs by Nanninga Fallaat (slûs nû. 5) waard yn 1816 foltôge. Easterwâlde ûntwikkele him sûnt mear nei dy feart ta en op de gritenijkaart yn de Eekhoff-atlas fan 1849 is by de Easterwâldster brêge oan wjerskanten fan de feart al in buertsje ûntstien fan goed tsien huzen mei fierder nei it easten ta oan de noardlike wâl ek fersprate bebouwing.Dr. T.H. OosterwoklGeschiedenis van Ooststellingwerfse dorpen, side 186
Easterwâlde hat net altiten it haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf west, alhoewol't guon grytmannen yn Easterwâlde wol harren domisylje hiene. Tagelyk mei de mairie Aldeberkeap ûntstie yn de Frânske tiid ek in mairie Easterwâlde. Dy gemeente bestie oant 1816, it jier doe't yn Fryslân wer de âlde gritenijen ynfierd waarden en Aldeberkeap it haadplak waard fan de gritenij Eaststellingwerf. Yn 1856 waard Makkingea it haadplak fan Eaststellingwerf en pas yn 1885 waard it beslút nommen om it gemeentehûs te ferhûzjen nei Easterwâlde.Dr. T.H. OosterwoklGeschiedenis van Ooststellingwerfse dorpen, side 188-191 thumb|left|Tramstasjon Easterwâlde Mei de iepening fan de tramline De Gordyk-Easterwâlde op 21 oktober 1911 kaam in ein oan it isolemint fan Easterwâlde. In pear jier letter folge ek in ferbining mei Stienwyk (1914) en Assen (1915). In heale iuw letter waard troch de konkurrinsje fan oare soarten ferfier it spoar wer opbrutsen, mar it trasee rjochting Makkingea is noch foar in part werom te finen. De strjitnamme Trambaan ferwiist nei de tramferbining.Dr. T.H. OosterwoklGeschiedenis van Ooststellingwerfse dorpen, side 186-187
Oant healwei de 20e iuw waard njonken Hollânsk yn Easterwâlde Frysk mar fral Stellingwerfsk praat. Alhoewol't der gjin sifers binne oer it hjoeddeiske taalgebrûk yn Easterwâlde, is it wol dúdlik út de sifers fan 2015 foar de gemeente Eaststellingwerf dat it Stellingwerfsk in soad terrein ferlern hat en noch mar in lytse minderheid Stellingwerfsk brûkt. It Frysk dêrfoaroer hat better stân holden.Taalatlas 2015
Mienskip thumb|260px|Gemeentehûs Easterwâlde hat sûnt de turfgraverij yn de 19e iuw in sintrumfunksje foar de regio en hat dêrtroch in soad foarsjennings, lykas in skoallemiensskip, fersoargingshûzen en oare sosjale foarsjennings. Oan de Snellingerdyk stiet it kultureel aktiviteitesintrum De Miente. Op tongersdei is der altyd wykmerk.
It doarp is fjouwertalich: der wurdt neist Nederlânsk (66,1% fan de ynwenners), Frysk (23,7%), Stellingwerfsk (8,7%) troch Nederlânsk-Molukse ynwenners noch Maleis (1,5%) praat.
Tsjerken
thumb|260px|De Rehobothtsjerke fan de Molukske Nasjonale Tsjerke Evangelyske gemeente De Levensbron Molukske Nasjonale Tsjerke (Geredja Nasional) Moluksk Evangelyske Tsjerke (Geredja Indjili Maluku) PKN Easterwâlde Grifformeard-frijmakke Tsjerke Easterwâlde Roomsk-katolike mienskip De Heer Die weerkomt thumb|260px|Herfoarme kapel (1928-1996)
Skoallen Basisskoallen: Kristlike basisskoalle De Akker Kristlike basisskoalle In de Kring Iepenbiere basisskoalle Buttinga Iepenbiere basisskoalle De Toekan (foarhinne Oostenburg) Iepenbiere basisskoalle Boekhorst Spesjaal basisûnderwiis De Kamperhof Tariedend middelber beropsûnderwiis (VMBO) - Tariedend wittenskiplik ûnderwiis (VWO): Stellingwerfkolleezje
Foar de alderlytsten is der it pjutteboartersplak Nijntje. Ferienings DIO is in omnyferiening foar ferskillende soarten sport. Angelsportferiening OKO Biljertklub Aan Stoot Gymnastykferiening DIO Fûgelwacht Donkerbroek Froulju fan no Fuotbalferiening Easterwâlde Fryske Krite Easterwâlde Histoaryske Feriening Easterwâlde en omkriten Kristlike Muzykferiening David Kuorbalferiening DIO Postdoweferiening De Griffioen Rinsportferiening Invictus
Befolkingsferrin Jier 1814 1954 1959 1964 1969 1974 2006 2009* Ynwenners 548 3.634 4.276 4.936 6.338 8.033 9.836 9.927Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010 Jier 2015 2020 Ynwenners 9.903 9.600 thumb|260px|Klokkestoel Berne Berent Prakken (1817-1871), politikus Hendrik Jan Popping (1885-1950), amateur-archeolooch Klaas Keuning (1916-2000), politikus Dirk ter Haar (1919-2002), natuerkundige Gerrit Grolleman (1920-2011)m politikus Hendrik Willem ter Haar (1922-2012), oprjochter stifting Alzheimer Nederlân Arjan Stroetinga (1981), âld-marathonreedrider en âld-langebaanreedrider Joop Alberda (25 oktober 1951), follybalcoach en sportbestjoerder Klaas Knillis Hofstra (1959), dichter, regisseur en presintator Menno Lievers (1959), âld-atleet Halbe Zijlstra (1969), politikus Marrit Steenbergen (2000) swimster
Gea Der is in saneamd kuierbosk by fersoargingshûs Rikkingahof. Wa't it paad folget nei it streamdal fan it Grutdjip, komt yn in prachtich bosk by de Bentemaoden.
Om Easterwâlde hinne leit in soad natoer.
De Kúnder of de Tsjonger ûntspringt krekt foarby De Weper. It Grut Djip is yn in noardlike bôge om Easterwâlde hinne ek noch goed yn it lânskip te werkennen, mar fan it Lyts Djip is amper mear wat te sjen.
Buorskippen by Easterwâlde Bentemaden (Bentemaoden) Boekhorst (Boekhost) Buttinga (Buttinge) Trije Tolhikken (Drie Tolhekken) Hegeduerswâld (Hogeduurswoold) Jardinga (Jardinge) De Knolle (De Knolle) Klazingea (Klaezinge) Legeduerswâlde (Legeduurswoold) Nanninga (Nanninge) Prandingea (Prandinge) Skottelenburch (Schottelenburg) Skrappingea (Schrappinge) Fenebuorren (Veneboeren) Fenekoaten (Venekoten) Weper (De Weper)
thumb|260px|Quadoelenwei Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Easterwâlde rinne de folgjende buslinen:
Line 14: Drachten - Easterwâlde fia Bakkefean Line 15: It Hearrenfean - Easterwâlde Line 16: Wolvegea - Easterwâlde Line 18: Stienwyk - Easterwâlde fia Noardwâlde Line 85: Easterwâlde - Grins Line 380: Drachten - Assen fia Easterwâlde
De buslinen troch Easterwâlde wurde fersoarge troch Qbuzz, sawol bussen fan de konsesje Fryslân as de konsesje Grinslân-Drinte (line 85).
Strjitten Alle strjitten yn Easterwâlde.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Kategory:Doarp of stêd yn Eaststellingwerf