thumb|250px|Meryem Manders Fotograaf: Ivo Geskus Meriyem Manders (Amsterdam, 24 jannewaris 1975) is in aktrise en model út Ilpendam. Se waard benammen bekend troch har rol as Talieta Baas yn 'e tillefyzjerige Baas boppe Baas. Se is in efternicht fan Tom Manders en in pakesizzer fan sjonger en kabaretier Kees Manders.

Wurkpaad Nei har oplieding en in karriêre yn it moadefak keas Manders foar aktearjen en modellewurk. Se folge fan 1999 - 2001 de toanieloplieding Amsterdam “de Trap”. Nei de jûnsoplieding Cameratrajekt hat hja dêr in trijejierrige deioplieding Teaterskoalle folge. Yn 2005 folge se de Royal Academy of Dramatic Art London, “RADA”.

Har sjong-, dûns- en aktearkwaliteiten toande se yn har fêste rol yn de Dinner show. De show waard opfierd yn it Prinsesteater 'Vedette' yn Rotterdam.

Manders spile in gastrol yn de earste Nederlânske soaprige GTST. Ek spile se in gastrol yn 'Westenwind' op RTL4. Foar de Amsterdamske sjoerder AT5 presinteare hja in autoprogramma.

Foar Omrop Fryslân spile se yn de dramarige 'Baas Boppe Baas' (12 ôfleveringen it jier) de rol fan Talieta. Hjirby wie se de tsjinspylster fan Rense Westra. Yn 2007 makket Meriyem mei Westra in teäterprogramma nei oanlieding fan de telefyzjerige. Rense “Beant” Westra en Meriyem “Talieta” Manders, spylje it op spande foet libjende pear (skoanheit/dochter) yn in kabareteske sfear fol humor. De yngrediïnten hawwe dêryn in natuerlike tsjinstelling as man-frou, Frysk-Nederlânsk, autochtoan-allochtoan en âld-jong.

Teäter 2003 - Koste wat het kost as Medea. Regy: Marjolein Roeleveld 2003 o/m 2005 - Vedette Muziektheater, ferskate rollen + sang

Film en telefyzje 2018 - De Kameleon as boargemaster 2017 - Mees Kees as Mem Hasna. Ofl. Fancy Fair 2015 - Koefnoen presenteert Reporter (tf). Ofl. Toyboy 2015 - Dans met de Duivel (film) as Diane van Someren 2013-2015 - SpangaS as Berna van der Laken 2010 - GTST as Tiffany. Ofl. 4080, 4083 en 4085 2005 - de Kameleon 2, rol boargemastersfrou. Regy Steven de Jong 2005 - Dress Devils, pilot TV programma NPS. Regy Bert v.d. Veer 2005 - VNN Travel, presintaasje reisclips 2005 - De Auditie, presintaasje en sjuerylid TV programma D&D 2005 - TV Oranje, presintaasje TV programma 2005 - Neveneffecte, gastrol yn Belgyske Comedy as “sexy flik” 2005 - TV5. Sfearbylden foar de Belgyske TV5. 2004 - Mindhunters, rol FBI technikus. Regy Renny Harlin 2003 - Strak op de bandjes, presintaasje AT5. 2003 - Open Mind, koarte film, regy Kai Driessen 2003 - Pilot Hey Hey it’s Saturday, regy Jeroen Boom 2003 - Underdog, yn opdracht fan de KRO. 2003 - De Schippers van de Kameleon, rol boargemastersfrou. Regy Steven de Jong 2002 - Pilot Sterrenweg, rol Mirjam. Prod. WanTed! productions 2001 o/m 2005 - Baas Boppe Baas, rol Talieta Baas. 40 ôfleveringen. 2001 o/m 2004 - Ned1 (Omrop Fryslân), regy Steven de Jong 2001 - Westenwind, rol Monique. Regy Hans Scheepmaker 2001 - G.T.S.T., rol Angela. 2001 - Kane, fideoclip

Stand-in / Bodydouble Se wie de fêste bodydouble foar Patricia Velasquez yn de film Mindhunters. Yn de film Utility wie se stand-in foar de film Girl yn Hyacint Blue.

Commercials modellewurk Sy wurke ûnder oaren foar Men’s jeanswear, Telfort-Via5, DSB bank, Nutricia, Bristol,Philips, Knip mode, Aubade, Seat, Resi meubels en Jumbo.

Kategory:Nederlânsk model Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Persoan berne yn 1975