Earste Difyzje280px Basis ynformaasjeNamme Earste DifyzjeStifte 1956Lân NederlânTal klubs 20Promoasje nei EaredifyzjeDegradaasje nei Twadde Difyzje (foar beloften- alvetallen)Titelhâlder Heracles Almelo (2022/23)Webstee keukenkampioendivisie.nl/ De Earste Difyzje is de op ien nei heechste fuotbalkompetysje fan Nederlân. Klups út de kompetysje kinne promovearje nei de Earedifyzje en sûnt koart ek degradearje nei de Topklasse. Yn de betelle kompetysje spylje 18 fuotbalklups út hiel Nederlân en wurdt organisearre troch de KNFB, de Keninklike Nederlânske Fuotbal Bûn. De kompetysje hjit offisjeel de Keuken Kampioen Difyzje nei de namme fan haadsponsor Keuken Kampioen. Oant 2018 hiet de difyzje de Jupiler League.
Oprjochting De Earste Difyzje waard tagelyk mei de Earedifyzje en de Twadde Difyzje oprjochte. Doe't it betelle fuotbal yn Nederlân nei it ynfieren fan 1954 in nije foarm hawwe moast. Oarspronklik bestie de Earste Difyzje út twa ôfdielings mei 16 alvetallen. Mar dat feroare yn 1962 doe't de twa ôfdielings tegearre dien waarden en der ien ôfdieling oerbleau mei 18 alvetallen. Fan it seizoen 03/04 ôf hat de kompetysje 19 teams, omdat AGOVV Apeldoorn der by kaam. En letter kaam ek de tweintichste, Almere City FC, derby. Mar mei in reorganisaasje waard it oantal werom brocht nei 18 troch de degradaasje fan TOP Oss en it fallissemint fan HFC Haarlem.
Promoasje De winner fan de Earste Difyzje promovearret fuort nei de Earedifyzje, fierder nimme acht oare teams út de Earste Difyzje, de perioadekampioen en de heechste klups op de ranglist, diel oan de neikompetysje, op dizze wize moatte sy besykje te promovearjen. Ek de nûmers 16 en 17 fan de Earedifyzje dogge mei. Sy moatte harsels besykje te hânhâlden. De neikompetysje bestiet út trije omgongen, yn de earste omgong spilje mar 4 klups. Dat binne de 4 leechste klups fan de Earste Difyzje. Yn de twadde omgong komme de oare klups derby. De winners dêrfan geane troch nei de tredde omgong dêr't fêststeld wurdt wa't promovearje en degradearje sille.
Dielnimmers yn it seizoen 2023-2024 Namme Stêd Stadion FC De Bosk De Bosk De Vliert SC Cambuur Ljouwert Ljouwert Cambuurstadion FC Doardt Doardt Matchoholic-stadion FC Eindhoven Eindhoven Jan Louwers-stadion FC Emmen Emmen De Oude Meerdijk BV De Graafschap Doetinchem De Fijverberg FC Grins Grins Euroborg ADO De Haach De Haach Bingoal-stadion Helmond Sport Helmond Lavans-stadion Jong Ajax Amsterdam Sportpark De Toekomst Jong AZ Alkmar AFAS-stadion AFAS-trainingkompleks Jong PSV Eindhoven Philips-stadion Jong FC Utert Utert Stadion Galgenwaard Sportkomleks Zoudenbalch MVV Maastricht Maastricht De Geusselt NAC Breda Breda Rat Verlegh-stadion Roda JC Kerkrade Parkstad Limburg-stadion SC Telstar Felsen TATA Steel-stadion TOP Oss Oss Frans Heesen-stadion VVV Fenlo Fenlo De Koel Willem II Tilburch Kening Willem II-stadion
Kategory:Fuotbal yn Nederlân Kategory:Sportevenemint yn Nederlân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1956