Marijke Geertsma (22 maart 1952, Jobbegea tredde Slûs) is in Fryske akteur út Wytgaard.

Se spilet sûnt 1974 by Tryater, fan 1988 ôf foltydsk. Se kaam út in húshâlding fan acht bern, wêrfan't leafst sân yn it ûnderwiis bedarren. Nei in tal omreizen yn Marokko en yn it Eastblok moete se har lettere man Jan Arendz. Nei harren trouwen wennen se oant 1979 yn Wiuwert en kamen se beide by Tryater. Se hat it fak yn de praktyk leard, net op in toanielskoalle. Geertsma wie regisseuze by Ratatette.

Toaniel thumb|thumbtime=8:37|Rake klappen (2013) 2010 - Drang 2010 - Sterk Staaltsje 2009 - 11-Stêdetocht 2009 - En ik dan? 2009 - Fan De Stêd En It Libben 2007 - Rake Klappen 2005 - Oer Him 2001 - Medea ? - De Dea en it famke Filmografy 2006 Evelien: Harko's ferrassing … (TV-rige, pinsjonhâldster ) 2006 Sportsman fan de ieu, (húsfrou) 2004 Ferdwaald (TV-film, boerinne) 1995 De Gouden Swipe'' (TV-film, Gepke)

Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Frysk telefyzje-akteur Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Persoan berne yn Jobbegea Kategory:Wiuwert Kategory:Wytgaard Kategory:Persoan berne yn 1952