Willem Freark fan Oranje-Nassau (De Haach, 24 augustus 1772 – Berlyn, 12 desimber 1843) wie as Willem I fan 1813 oant 1815 soeverein foarst en fan 1815 oant 1840 de earste kening fan de Nederlannen. Under syn bewâld foarmen it hjoeddeiske Nederlân en Belgje fan 1813 oant 1830 ien steat.

Jeugd en houlik Willem Freark waard yn 1772 berne yn te 's-Gravenhage as tredde soan fan steedhâlder Willem V en prinsesse Wilhelmina fan Prusen, in nicht fan Freark II fan Prusen. Nei de dea fan steedhâlder Willem V stie hy oant 1815 bekend as Willem VI.

Willem Freark sels boaske yn 1791 syn folle nicht Wilhelmina fan Prusen, suster fan Freark Willem III, kening fan Prusen. Ut dit houlik waarden fjouwer berne berne:

OfbyldNammeBerneFerstoarnBysûnderheden 100px Willem Freark George Loadewyk6 desimber 179217 maart 1849Boaske Anna Paulovna fan RuslânDe lettere kening Willem II. 100px Willem Freark Karel28 febrewaris 17978 septimber 1881 100px Wilhelmina Frederika Louise Paulina Sjarlotte1 maart 180022 desimber 1806 100px Wilhelmina Frederika Louisa Sjarlotte Marianne9 maaie 181029 maaie 1883

Titels Neist kening fan de Nederlannen droech Willem I de titels prins fan Oranje-Nassau, foarst fan Fulda (1803-1806), greve fan Corvey, Weingarten en Dortmund (1802-1806) en letter as Willem I soeverein foarst fan it Soeverein Foarstedom fan de Feriene Nederlannen (1813-1815), hartoch fan Lúksemboarch (1815), gruthartoch fan Lúksemboarch (1815-1840) en hartoch fan Limburch (1839-1840). Nei syn abdikaasje nom hy de titel en namme kening Willem Freark greve fan Nassau oan.

Literatuer (kar-út) Koning Willem I, útjouwerij Kruseman, De Haach (1964) Willem Frederik, koning der Nederlanden, útjouwerij Nederlandsche Handel-Maatschappij, Amsterdam (1949) Koning Willem I als verlicht despoot, útjouwerij Bosch, Baarn (1918)

Keppeling om utens Johan Rudolf Thorbecke over Willem I, yn in artikel wijd oan Anton Reinhard Falck Erflaters van onze beschaving It haadstik wijd oan Willem I fan Jan Romein en Annie Romein-Verschoor. Koarte dokumintêre oer Willem I yn de byldbank fan School tv. Koning Willem I Nederlânske Portrettengalerij

Kategory:Kening fan Nederlân Kategory:Gruthartoch fan Lúksemboarch Kategory:Prins fan Oranje Kategory:Prins fan Oranje-Nassau Kategory:Foarst fan Nassau-Oranje-Fulda Kategory:Hartoch fan Lúksemboarch Kategory:Hartoch fan Limburch Kategory:Markys fan Feare en Flissingen Kategory:Greve fan Bueren en Leardaam Kategory:Greve fan Corvey Kategory:Greve fan Fianden Kategory:Greve fan Katzenelnbogen Kategory:Greve fan Kulemboarch Kategory:Greve fan Nassau-Dietz Kategory:Greve fan Spiegelberg Kategory:Boarchgreve fan Antwerpen Kategory:Baron fan Beilstein Kategory:Baron fan Breda Kategory:Baron fan Dyst Kategory:Baron fan Grave en it Lân fan Cuijk Kategory:Baron fan Herstal Kategory:Baron fan Iselstein Kategory:Baron fan Kranendonk en Eindhoven Kategory:Baron fan Liesveld Kategory:Erf- en frijhear fan it Amelân Kategory:Nederlânsk generaal Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Politikus yn it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen Kategory:Nederlânske adel Kategory:Nederlânsk balling Kategory:Dútske adel Kategory:Nederlânsk persoan fan Deensk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Eastenryksk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Hugenoatsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Litousk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Poalsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Hûs Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1772 Kategory:Persoan stoarn yn 1843