Amber Evangeline Valletta (Phoenix (Arizona), 9 febrewaris 1974) is in Amerikaansk aktrise en fotomodel fan Portegeesk komôf. Sy spile ûnder oaren Allegra Cole, de dreamfrou fan Albert Brenneman (Kevin James) yn de romantyske komeedzje Hitch en Madison Elizabeth Frank, de ferdwûne frou dy't sintraal stiet yn de thriller What Lies Beneath.

Valletta troude yn 1994 mei it manlik model Hervé Le Bihan, mar skiede twa jier letter fan him. Yn septimber 2003 troude sy op 'en nij mei Christian McCaw, in eardere follyballer dy't foar de Feriene Steaten útkaam op de Olympyske Simmersullen 2000. Har earste bern, Auden McCaw, waard yn oktober 2000 berne. thumb|right|250px|Amber Valletta

Filmografy *Utsein telefyzjefilms A Girl Walks Into A Bar (2011) The Spy Next Door (2010) Gamer (2009) Days of Wrath (2008) My Sexiest Year (2007) Dead Silence (2007) Premonition (2007) The Last Time (2006) Man About Town (2006) Transporter 2 (2005) Hitch (2005) Raising Helen (2004) Duplex (2003) Max Keeble's Big Move (2001) Perfume (2001) The Family Man (2000) What Lies Beneath (2000) Drop Back Ten (2000)

Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzjepresintator Kategory:Amerikaansk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1974