thumb|diel muorretapyt út Bayeux De slach by Hastings wie op 14 oktober 1066. Yn de slach waard de lêste Angelsaksyske kening yn Ingelân, Harold II ferslein troch de Willem, hartoch fan Normandje, dy't sûnttiids 'de Oermasterer' neamd wurdt. Dy oerwinning wie it begjin fan de ferovering fan Ingelân troch de Normandjers. De slach is ferneamd nei it Ingelske plak Hastings, mar de slach hat yn it echt plak fûn dêr't tsjintwurdich it plak Battle leit.

Keppelings om utens The Battle of Hastings: 14 October 1066 The Battle of Hastings 1066

Kategory:Militêr treffen yn 1066 Kategory:Militêr treffen fan Ingelân Kategory:Militêr treffen fan Normandje