Ernst fan Aylva (1555 - Haniastate yn Holwert, 28 novimber 1627) wie grytman fan Westdongeradiel en yn 1578 eigner en bewenner fan Haniastate.

Hy wie troud mei Ydt Herema, in dochter fan Bocke Herema en Wyts Hania alias Rennerda; de lêste wie in dochter fan Ayle Rennerda en Yde, widdo fan Sipcke Hania. Sa kaam Haniastate oan de Aylva's.

Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan West-Dongeradiel Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Holwert Kategory:Persoan stoarn yn Holwert Kategory:Persoan berne yn 1555 Kategory:Persoan stoarn yn 1627