Damwâld is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. Damwâld leit noardlik fan Broeksterwâld, eastlik fan Rinsumageast, westlik fan Wâlterswâld en besuden Dokkum. Damwâld hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners. De doarpskearn fan Damwâld leit by De Krúswei, by de krúsing fan de Haadwei, de Foarwei en Doniawei.

Skiednis thumb|left|Plaknammeboerd fan Damwâld Damwâld is yn 1971 ûntstien troch de gearfoeging fan de eardere doarpen Dantumawâld, Ikkerwâld en Moarrewâld. De namme DAMwâld ferwiist nei de begjinletters fan de trije eardere doarpen yn it Nederlânsk: Dantumawoude, Akkerwoude en Murmerwoude. It ferkoarte Dam bestie earder ek al en waard brûkt foar Dantumawâld. Dit is bygelyks te sjen oan de strjitnammen Damwâldsterreedsje, Damwâldster Trekwei (tsjintwurdich gewoan Trekwei) en Dammeloane.

De fúzje fan dy trije doarpen, in yn Nederlân tige seldsum barren, hie in politike achtergrûn. Oant en mei 1881 stie it gemeentehûs fan Dantumadiel yn Rinsumageast. Sûnt 1881 sieten de grytmannen yn Moarrewâld. Dat stie de ynwenners fan De Westereen net oan. Omdat De Westereen eartiids it grutste doarp yn de gemeente wie, mienden hja rjocht op it gemeentehûs te hawwen. Dêrom waard yn 1971 besletten de trije neamde doarpen gear te foegjen ta Damwâld. Omdat de ynwenners fan Damwâld oan de nije namme wenne moasten, ha de âlde plaknammebuorden der noch in skoftke stien. Hjoed-de-dei steane dizze âlde plaknammebuorden der net mear.

Earder hearde Broeksterwâld (doe mei de namme De Ikkerwâldster Broek) ek by Damwâld mar dat is sûnt 1964 in selsstannich doarp.

Damwâld hat altyd yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein en is sûnt 1881 haadplak.

Dantumawâld De tsjerke moat om 1200 hinne boud wêze en yn 1755 ôfbrutsen. De earste boarnen skriuwe yn 1369 oer "Dointhimwalda", letter wurdt dit yn 1421 "Dontimwalda" en yn 1505 Dantumwald. Dont wiist op in hege sânrêch yn in fierder sompich feangebiet. Dizze dont rint fan Driezum en Damwâld nei Rinsumageast. Op dizze sânrêch hawwe yn de rin fan de tiid in soad foaroansteande famyljes wenne yn Dantumawâld. It docht bliken út de states en stinzen dy't hjir stienen en stean:

Botniastate, op de byhearrende grûn is no it Lânskipsaktiviteitesintrum Botniahiem Bongastate Doniastate Ewingastate Onnemahûs Plantenhove

Ikkerwâld Foardat it gebiet ôfgroeven waard wie de grûn geskikt foar lânbou. It doarp krige dêrtroch har namme. Mar nei de feanterij bleaun der skrale sângrûn oer. Hjir stiene ek aadlike huzen:

Grut Saakma en Lyts Saakma Jousmastate Remmersmastate

Moarrewâld It doarp is boud op de Murimma terp, en krige syn namme troch moarre nei de swarte (wiete) feangrûn dêr't letter turf fan stutsen waard. Hjir hawwe ek in soad aadlike huzen stien. Yn Moarrewâld kaam yn 1881 by de Krúswei in nij gemeentehûs te stean.

Mienskip thumb|260px|eardere Gemeentehûs thumb|260px|De Ikker thumb|260px|Benediktustsjerke</center> Basisskoallen KBS De Sprankeling (Kristlik) Dr. J. Botkeskoalle (Iepenbier)

Mei it begjin fan skoaljier 2020-2021 binne de eardere Kristlike basisskoallen De Bron en De Fontein gearfoege ta ien skoalle: De Sprankeling. Dizze nije skoalle sit mei de Dr. J. Botkeskoalle en in nije sporthal op Kampus Damwâld oan de Badhúswei.

Spesjaal ûnderwiis Yn Damwâld stiet in ynstelling foar dreech learende en/of beheinde bern: De Wingerd. De Wingerd is in Kristlike skoalle foar learlingen mei in ûntwikkelingsachterstân. De skoalle hat twa lokaasjes: ien oan De Klimmer foar it basisûnderwiis en ien oan de Nijewei foar it fuortset ûnderwiis.

Fuortset ûnderwiis Sûnt 1919 hie Damwâld in feriening foar fuortset ûnderwiis, de feriening foar Kristlik MULO yn de gemeente Dantumadiel. Op 1 augustus 1921 waard de (M)ULO iepene, yn in pân oan de haadwei dêr't hjoed-de-dei in meubelsaak sit. De skoalle stie dêrnei jierrenlang oan de Nijewei, ûnder de namme Kristlike Mafû De Saad. Mei yngong fan skoaljier 2020/2021 is de skoalle fanwege it weromrinnend tal learlingen definityf sletten. Yn it skoalgebou is tsjintwurdich it fuortset ûnderwiis fan De Wingerd húsfeste.

Ferieningen WIK'34 - kuorbal Sportferiening Damwâld (SVD) - gymnastyk Fuotbalferiening Broekster Boys De Wâlden - fuotbal K '75 - basketbal Nut en Nocht - keatsen Blauwe Doffer - dowen It Honk - grifformearde jongerein Hjir Binne We Dan - toaniel Skaakwâld (Schaakwoude) - skaken

Befolkingsferrun 1974: 4814 2004: 5934 2008: 5568 2014: 5640 2016: 6067 2018: 5610 2021: 5600

Bekende ynwenners Jan Kooistra, keunstskilder Dr. Jacob Botke, learaar yn Moarrewâld fan 1896-1898. Nei him is in skoalle en in strjitte en in park neamd Geart Arend Roorda, fuotballer SK It Hearrenfean Sipke Ernst, skaker Willem Verf, skriuwer

Foarsjennings Damwâld hat in winkelsintrum oan de Conradi-Veenlandstrjitte, mei dêryn in twatal supermerken en noch in stikmannich oare winkels/ytgelegenheden. Neist dit winkelsintrum leit bedriuweterrein De Moarren, dêr't in stikmannich bedriuwen te finen binne. Dêrbûten binne der troch it doarp hinne noch mear winkels en bedriuwen te finen. Herberch De Krúswei is it doarpshûs fan Damwâld. Fierder hat it doarp noch in park, in sporthal en twa fuotbalklups.

It besjen wurdich thumb|260px|De Krúswei Monuminten Bonifatiustsjerke (Foarwei 2) Benediktustsjerke (Doniawei 76) Wolkomstsjerke/Fermanje (Doniawei 34) Oargel fan De Ikker (Hearewei 1) Earder gemeentehûs fan Dantumadiel (Haadwei 46) De Krúswei (Haadwei 42)

It âldste diel fan de herfoarme tsjerke dy't wijd wie oan Sint-Benediktus is út de 12e iuw.

De Sûkerei

De Sûkerei is in museum wêr't it libben yn de Fryske Wâlden rûnom 1900 sintraal stiet. De eardere sûkereidrûgerij, wêroan't it museum har namme ûntlient, fungearret as besikerssintrum. Yn dizze âlde drûgerij is it produksjeproses fan sûkereikofje te sjen, in produkt wat eartiids yn de gemeente Dantumadiel in soad produsearre waard. Fierder binne der yn dit museum in oantal wâldhûskes te bewûnderjen, dy't earne oars yn de gemeente ôfbrutsen binne en hjir opnij opboud binne. Yn 2016 is de poldermûne De Mearmin fan Rinsumageast hjiroan tafoege wurden. Dy mûne is ôfbrutsen en op it terrein fan De Sûkerei yn Damwâld opnij opboud.

Ynfrastruktuer

Provinsjale wei By Damwâld rinne de N356 en de N361.

Bustsjinst Troch Damwâld rinne de folgjende buslinen:

Line 51: Lauwerseach - Ljouwert fia Dokkum Line 55: Dokkum - Drachten fia Feanwâlden Line 61: Damwâld - Bûtenpost Line 151: Dokkum - Ljouwert fia Driezum

De buslinen troch Damwâld wurde fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Alle strjitten yn Damwâld.

Sjoch ek Fryske doarpen.

Kategory:Doarp of stêd yn Dantumadiel Kategory:Plak stifte yn 1971