thumb|260px|'De Kelders' Ljouwert (Nederlânsk en offisjeel: Leeuwarden; Ljouwertersk: Leewarden of Liwwadden; Aastersk/Skylgersk: Lieuwadden; Amelânsk: Liewa'den; Biltsk: Luwt; Hylpersk: Leauwert; Skiermûntseagersk: Leeuwerts; Stellingwerfsk: Liwwadden of Luwadden; Westerkertiersk: Leeuwerd) is de haadstêd fan Fryslân en ek it haadplak fan de gemeente Ljouwert. De stêd hat ynwenners (, boarne: CBS) en is dêrmei de grutste stêd binnen de provinsje. De agglomeraasje hat 151.812 (2020) ynwenners.
Ljouwert is ûntstien út trije terpen oan de eastlike igge fan de Middelsee, te witten de terpen Aldehou, Nijehou en Hoek. De formele gearfoeging fan de trije terpen krige syn beslach yn in rige Aldfryske oarkonden yn de earste helte fan de 15e iuw. Nei de ein fan de Fryske frijheid ûntjoech Ljouwert him ûnder frjemde hearskers as bestjoersplak fan de lettere provinsje Fryslân.
Op it mêd fan ûnderwiis en wittenskip hat Ljouwert trije hegeskoallen, de kursus- en taalynstelling Afûk, de Fryske Akademy en de Wetsus Akademy (wettertechnology). Ljouwert hat 29.628 hbû en mbû-studinten (stân 2010).Gemeentegids Ljouwert 2010/11, side 19 (18.950 hbû-studinten en 10.678 mbû-studinten)
Mei in gerjochtshof en in rjochtbank is Ljouwert foar it rjocht yn de provinsje Fryslân, as ek foar arrondisseminten bûten de provinsje, in plak mei betsjutting. Ljouwert is ien fan de alve Fryske stêden yn Westerlauwersk Fryslân. Yn 2018 wie Ljouwert, mei de Malteeske haadstêd Valetta, Kulturele Haadstêd fan Jeropa. Dat jiers waarden der yn it ramt fan it projekt Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 alderhanne kulturele eveniminten yn Ljouwert organisearre.
Ek is Ljouwert is sûnt 2019 UNESCO City of Literature.
Geografy thumb|left|180px|Satellytfoto fan Ljouwert en omkriten Ljouwert leit yn it noarden fan de provinsje Fryslân. Wat it ynwennertal en it oerflak fan it stedsgebiet oanbelanget is Ljouwert de grutste stêd fan de provinsje.
Fan de sân grutste stedsgebieten binnen de provinsje Fryslân (Ljouwert, Drachten, Snits, It Hearrenfean, Harns, Frjentsjer, Dokkum) leit Ljouwert it meast sintraal, de ôfstân nei ien fan de oare plakken is himelsbreed noait fierder as 30 kilometer. De stêd leit sa likernôch 50 kilometer westlik fan Grins, 110 kilometer westlik fan de Eastfryske stêd Lear, en himelsbreed sa'n 80 kilometer noardlik fan Swol. Yn it westen is Ljouwert troch de oanlis fan de Ofslútdyk ferbûn mei West-Fryslân en Amsterdam.
It histoaryske sintrum fan Ljouwert is geakundich ûnderdiel fan Eastergoa, it terpgebiet tusken de Middelsee en de Lauwersmar. De skiednis fan Ljouwert begjint mei de trije terpen dy't oan de Middelsee leinen, yn de lette midsiuwen slike dy see stadichoan ticht. De skieding tusken Eastergoa en Westergoa wurdt yn it ynpoldere lân foarme troch de Swette. As feart rint dy tsjintwurdich fan Snits nei Ljouwert, mar de oarspronklike skieding rûn troch oan it begjin fan it Bilt oan ta. It stedsgebiet westlik fan de histoaryske binnenstêd en de Skrâns is boud yn it poldergebiet fan de eardere Middelsee. It lân oan de eastkant fan de Skrâns wie besteand (âld) lân, it gebiet westlik fan de Skrâns waard nei it ynpolderjen dus nij lân. De grins tusken âld lân en nij lân komt werom yn de nammen fan de wenwiken Aldlân en Nijlân oan de súdkant fan de stêd. Westergoa, Eastergoa en de Middelsee binne ûnderdiel fan de Klaaistreek. Troch it Van Harinxmakanaal, it Prinses Margrietkanaal en ferskate natuerlike wetterstreamen is Ljouwert yn it easten ferbûn mei de De Wâlden, yn it suden mei it wetterlân fan it Lege Midden.
Yn it noarden grinzet de gemeente Ljouwert oan Ljouwerteradiel, yn it easten oan Tytsjerksteradiel, yn it suden oan It Hearrenfean en yn it westen oan Littenseradiel en Menameradiel.
Geology It tichtslike en ynpoldere lân fan de eardere Middelsee leit in stik leger as it gebiet bûten de kwelderwâlen fan Westergoa en Eastergoa. It westen fan de stêd is boud op klaaigrûn. Yn it grutste part fan de stêd bestiet de grûn foaral út fean op klaai.Sakjen fan de boaiem yn Fryslân side 2Geologyske kaart fan Nederlân Noch fierder eastlik fan de stêd lizze de pleistosene sângrûnen fan De Wâlden. It gea om de stêd hinne bestiet foar it grutste part út greidlân. It iennichste reliëf wurdt foarme troch âlde terpen, kwelderwâlen en slinken.Sicht op Fryslân De Lytse Heechstrjitte yn it noarden fan it sintrum is op de terp Nijehove boud en it hichteferskil is fan de Iewâl/Gûverneursplein goed te sjen. It sintrumgebiet leit op in hichte fan 0,2 - 3 m. boppe seenivo.Webside KNMI oer it waarstasjon LjouwertGemiddelde hoogte in N.A.P. van de belangrijkste gemeenten fan allesopeenrij.nl Nei it súdeasten en easten ta lizze ferskate marren en puollen.
Stedsyndieling thumb|260px|Topografyske kaart fan Ljouwert
De stêd is ûnderferdield yn wiken dy't wer ûnderferdield binne yn 58 buerten. Yn 2018 waard de stêd fannijs yndield. De yndieling is: Ald-East Aldlân-De Himrik Bilgaard-Havankpark en omkriten Binnenstêd De Súdlannen Dokkumer Ie en omkriten Foksepark-Helicon Frijheidswyk Heechterp-Skieringen Himpens/Tearns-Suderbuorren Huzum-West Kammingabuorren en omkriten Middelsee Nijlân-De Swette Potmargesône Sonnenborgh en omkriten Westein en omkriten
</ol> Noardlik fan 'e wyk Bilgaard waard tusken 1992 en 1996 de Ljouwerter Bosk oanplante. Yn 2006 begûn de bou fan in nije wenwyk súdlik fan it stedsgebiet; De Súdlannen. De wenwyk moat healwei de tweintiger jierren klear wêze. Techum is de earste buert dy't klear wêze sil. Oan de noardkant fan de stêd leit de nije wenwyk Blitsaard, dêr't de earste huzen yn 2006 oplevere waarden.
Yn it tiidsrek 2000-2010 binne de Vegelinbuert, de Frijheidswyk en Skieringen-Heechterp fernijd. Foar 2011-2014 sille de neikommende wiken fernijd wurde: Skipsbuert, Oldegalileën/Blommebuert, Nijlân, Tjerk Hiddes/Cambuursterhoek, Flietsône en it Faleriuskertier.Overzicht Investering Stedelijke Vernieuwing op de webside fan de gemeente Ljouwert
Klimaat Ljouwert hat ûnder ynfloed fan de Noardsee in matige seeklimaat. Yn de simmer binne de temperatueren kâlder as yn it binnenlân, yn de winter lizze de temperatueren ornaris heger. It klimaat wurdt beynfloede troch de Midden-Europeeske eastestewyn.
Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen falt Ljouwert yn de yndieling Cfb. (tuskenbeiden seeklimaat).Aktuele wrâldkaart neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen, sjoen op 9 septimber 2012.
De trochsnee deitemperatuer yn july hinget om de 20 °C. De trochsnee deitemperatuer yn jannewaris is om-ende-by de 5 °C. De trochsnee reinfal beslacht sa'n 767 mm yn 't jier. De measte rein falt yn ‘e hjerst, yn de iere maitiid falt it minste reinwetter. Der binne dagen mei in soad reinwetter, mar it measte falt del as storein of lichte rein.
By in stoarm kin de delslach sa grut wêze dat gemalen, pompen en ôfwetteringsynstallaasjes fan it Wetterskip Fryslân ynset wurde. Sokke stoarmen komme net faak foar. It tal sinne-oeren yn Ljouwert is 1.475 yn ’t jier. Sinnekaart Nederlân De klimaatgegevens hjirûnder binne fan it automatyske KNMI-waarstasjon yn Ljouwert. Oare automatyske waarstasjons fan de KNMI yn de provinsje Fryslân stean yn Starum en op Skylge.Aktueel oersjoch fan automatyske waarstasjons Nederlân
Moanne Jan Feb Maart Apr Maaie Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Yn 't jier Heechste temp. ea metten °C 12,6 14,4 20,4 26,0 28,7 32,5 31,4 32,8 29,1 23,8 16,4 14,2 32,8 Maks. trochsneed temp. °C 4,6 5,1 8,3 11,4 15,9 18,1 20,3 20,8 17,6 13,4 8,7 5,8 12,5 Min. trochsneed temp. °C -0,2 -0,4 1,6 3,2 6,9 9,8 12,2 12,0 9,8 6,6 3,3 1,1 5,5 Leechste temp. ea metten °C -19,9 -16,3 -16,3 -5,9 -1,7 1,3 5,7 5,4 2,0 -6,5 -14,2 -19,2 -19,9 Reinfal yn mm 65,6 42,1 59,4 38,4 51,4 68,7 64,2 60,2 82,1 78,4 83,7 73,0 767,2 Boarne: KNMI mjittingen yn it tiidrek 1971-2000 KNMI: Langjarige gemiddelden, tijdvak 1971 - 2000KNMI: Langjarige extremen, tijdvak 1971 - 2000
Skiednis thumb|Ljouwert oan de eardere Middelsee
Trije terpen De skiednis fan Ljouwert giet werom nei de Romeinske tiid. Doe wennen der al minsken op it plak dêr't no de Aldehou stiet. Ljouwert is ûntstien op trije terpen dy't opsmiten waarden oan in ynham fan de Middelsee dy't letter tichtslike en ynpoldere waard. De rivierkes Ie, Flyt en Potmarge mûnen by dy terpen út yn de Middelsee. De terpbewenners dienen oan lânbou, fiskerij en skipfeart. Ljouwert lei geunstich oan see en ûnderhold hannelskontakten mei oare hannelsplakken lykas Lübeck en mei de Eastseelannen. Op de terpen ûntstiene trije delsettings: Aldehou, Nijehou en Hoek.
Fryske frijheid De terp Aldehou, dy't fanâlds in úthôf fan it abdij fan Corvey yn Ingelân wie, hie yn 'e midden fan de 12e iuw in tsjerke, wijd oan de hillige Fitus. Yn 1285 waard Ljouwert al as plak neamd yn in Dútske hannelsakte. Tusken 1200 en 1300 slike de Middelsee ticht en waard de hannel minder fanwege it ûntbrekken fan in haven. Tenei waard de measte handel dien mei de omkriten. Yn 1392 stiene de omlizzende gritenijen de magistraat fan de stêd hege rjochtspraak ta. Yn jannewaris 1435 waarden Aldehou, Nijehou en Hoek gearfoege ta ien stêd, Ljouwert, dy 't datselde jier stedsrjochten krige.Skiednis fan Ljouwert op bertsgeschiedenissite.nl Nederlânsk Foar it formeel gearfoegjen fan de stêd waarden ferskate Aldfryske oarkonden opsteld. Yn dy oarkonden waard Ljouwert as Liowert en Lyowert skreaun. Yn de 15e iuw lôge de striid tusken Skieringers en Fetkeapers op; in striid dy't tusken Norbertinen en Bernardinen yn de 14e iuw ûntstien wie. Yn it miene stienen de stêden en it plattelân efter de Skieringers. Ljouwert wie it bolwurk fan de Fetkeapers. De partijstriid late ta de bou fan nije ferdigeningswurken. De Fryske frijheid komt foar Fryslân tusken Sudersee en Iems yn 1498 ta in ein. Yn dat jier jout de Roomske keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk al dy Fryske lânsgemeenten oan de Saksyske hartoch Albrecht fan Saksen. Yn july 1499 wurdt troch Albrecht fan Saksen in Rie ynsteld foar it bestjoer en rjochtspraak yn syn Fryske gewesten.Hof fan Fryslân op inghist.nl
Iermoderne tiid thumb|left|Histoaryske kaart fan Ljouwert (1652) Yn it jier 1500 fynt yn Ljouwert in rebûlje plak tsjin de besetter. By dy rebûlje bliuwt Wigle fan Aytta trou oan de keizer fan it Hillige Roomske Ryk. De Saksyske bestjoerders yn Westerlauwersk Fryslân besochten harren gesach oer de Fryske lannen te hâlden, dêr't fan ferskillende kanten ferset tsjin wie. Yn 1512 lieten se twa foaroansteande Fryske eallju op fertinking fan kontakten mei Edzard de Grutte fan it Greefskip Eastfryslân yn Ljouwert ûnthalzgje. Yn 1515 is de Saksentiid ta in ein en wurdt de lettere Karel V formeel Hear fan Fryslân. Yn 1523 waard Ljouwert de ferneamde Fryske frijheidsstrider Wijerd Jelckama as ien fan lêsten fan de Arumer Swarte Heap ûnthalzge. Mei de dea fan Jelckama, besibbe oan Grutte Pier, kaam der in ein oan de Fryske opstannen.