|} It spoar fan Ljouwert nei Eanjum wie in spoarwei yn Fryslân, mei in langte fan sa'n 46 km en wie ferneamd ûnder de namme it Dokkumer Lokaeltsje .

Skiednis It spoar fan Ljouwert nei Eanjum waard oanlein troch de Noard-Fryske Lokaalspoarwei-Maatskippij dy't oprjochte waard op 31 maaie 1899. It spoar is yn trije parten yn gebrûk naam: Ljouwert - Ferwert (22 april 1901) Ferwert - Mitselwier (2 oktober 1901) Mitselwier -Eanjum (28 augustus 1913) It tal reizgers hat nea grut west en mei it reizgersferfier waard ek al op 1 july 1936 ophâlden. Mei it frachtferfier wie mear te fertsjinjen en dat hat dan ek noch in skoft langer trochset, benammen tusken Dokkum en Ljouwert; mar yn 1998 is ek it lêste frachtferfier, op it trajekt Ljouwert-Stiens, stoppe.

It spoar tusken Eanjum en Dokkum is ôfbrutsen yn de Twadde Wrâldkriich doe't de Dútsers slim ferlet oan metalen foar de oarlochsyndustry hiene.

Oare NFLS-spoaren Oan it begjin fan de 20e iuw hie Stiens ek in treinferbining mei Harns oer Tsjummearum. Yn dyselde tiid wie der ek noch in direkte ferbining tusken Tsjummearum en Frjentsjer. Mei de komst fan de autobus en frachtwein wie der gjin fan ferlet mear fan in spoar tusken Stiens-Harns en Tsjummearum-Frjentsjer. Yn 1933 hold it reizgersferfier Frjentsjer-Tsjummearum op, yn 1935 waard de ferbining Tsjummearum-Harns opheft en yn 1936 waard ek it treinferkear tusken Tsjummearum-Stiens stop setten.

Stasjons en gebouwen Stasjon Iepene Slúten Type gebou hjoeddeistich gebrûk 150pxLjouwert 1863 1863,type SS tredde klasseStasjon Ljouwert Halte 1901 1940 1900-1970,NFLS halte 2e klasseOfbrútsen 150px Jelsum 1901 1940 1900-1944,NFLS halte 3e klasseFerlern gien yn de Twadde Wrâldkriich Koarnjum 1901 1930 Britsum 1901 1940 150px Stiens 1901 1940 1900,NFLS 1e klasse Wenhûs150px Feinsum 1901 19321901-1931,NFLS halte 3e klasse Ofbrútsen150px Hijum 1901 1940 1900,NFLS halte 3e klasse Wenhûs150px Hallum 1901 1940 1900-1970,NFLS 2e klasse Ofbrútsen150px Marrum-Westernijtsjerk 1901 1940 1900,NFLS 2e klasse pankoekrestaurant150px Ferwert 1901 1940 1900-1974,NFLS 2e klasse Ofbrútsen150px Blije 1901 1940 1900,NFLS halte 2e klasse Bedriuwsgebou150px Holwert 1901 1940 1901,NFLS 2e klasse Bedriuwsgebou150px Ternaard 1901 1940 1901,NFLS halte 2e klasse Wenhûs150px Hantum 1901 1940 1901-1960,NFLS halte 3e klasse Ofbrútsen150px Dokkum-Ealsum 1901 1973 1901-1973,NFLS 2e klasse Ofbrútsen Wetsens, nea boud stopplak tusken Dokkum-Ealsum en Mitselwier. 150px Mitselwier 1901 1935 1909,NFLS 2e klasse mei klokgevel Wenhûs 150px Moarre-Ljussens 1913 1935 1909,NFLS halte 3e klasse Wenhûs 150px Eanjum 1913 1935 1909,NFLS 2e klasse mei klokgevel Wenhûs

Regionale reklame Op 31 maart 2011 is yn Ljouwert de Stichting Noord-Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij (St. NFLS) oprjochte, dy't fan doel is it Dokkumer Lokaeltsje foar regiomarketing te brûken. De NFLS wol dielen fan de âlde spoarbaan op 'en nij oanlizze. Teffens wol de stichting noch besteande ûnderdielen fan it spoar as kultureel erfgoed behoedzje foar ferfal en sloop. Yn 2015 waard fan dat plan ôfsjoen omreden fan protesten fan boeren.https://www.omropfryslan.nl/nijs/430158-boeren-mitselwier-ha-gjin-ferlet-fan-spoarfytsen-op-it-lan

Literatuer Oege Kleijne: Opkomst en ondergang van de Noord-Friesche Locaal-Spoorwegmaatschappij. Utj. Gegarandeerd Onregelmatig, Raalte, 2014. ISBN 978-90-78641-29-2

Keppeling om utens Spoarweiskiednis Spoarweimuseum te Utert Skiednis NS op ns.nl Spoorzoeker, wiidweidige spoarhistoarje Liet oer dit spoar fan Anne van der Mark

Kategory:Spoar yn Fryslân Kategory:Ljouwert Kategory:Eanjum Kategory:NFLS Kategory:Bouwurk út 1913 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1998 Kategory:Geografy fan Ljouwert (gemeente) Kategory:Geografy fan Ljouwerteradiel Kategory:Geografy fan Ferwerderadiel Kategory:Geografy fan West-Dongeradiel Kategory:Geografy fan Dokkum (gemeente) Kategory:Geografy fan East-Dongeradiel Kategory:Geografy fan Dongeradiel