De Jong Famme Partij is in keatswedstryd foar famkes en froulju fan 17 oant 21 jier (junioaren). Dizze partij wurdt elts jier op 'e lêste sneon fan juny of de earste sneon fan july holden yn it Fryske doarp Mantgum. It is in saneamde ôfdielingswedstryd, wat betsjut dat alle by de KNKB oansletten keatsferienings it rjocht hawwe om ien of mear partoeren foar de Jong Famme Partij yn te skriuwen. De wedstryd waard yn 2004 foar de earste kear ferkeatst op inisjatyf fan de Keatsferiening Jacob Klaver fan Mantgum. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e KNKB. Yn 2020 fûn de Jong Famme Partij fanwegen de pandemy fan it koroanfirus plak yn augustus.
De Jong Famme Partij heart mei de Ald-Meiers Partij yn Hitsum, de Frouljus-PC yn Weidum en it NK Dames fan it KNKB ta de wedstriden dy't meitelle foar de 'Fjouwer Wimpels' fan it frouljuskeatsen.
Winnerslist 2004 - Ferwert 2005 - Dronryp 2006 - Ie 2007 - Ie 2008 - Boalsert 2009 - Frjentsjer 2010 - Ie 2011 - Frjentsjer 2012 - Berltsum 2013 - Frjentsjer 2014 - FrjentsjerDe Jong-Fammepartij zit Scheepstra als een maatpak, yn Frysk Deiblêd, 30 juny 2014, s. 34 2015 - Frjentsjer 2016 - Frjentsjer 2017 - Wommels 2018 - GrinsTactisch sterk Groningen wint Jong Famme Partij, yn: van Wad tot Stad, 3 july 2018, s. 23. 2019 - GrinsGroningen overtuigt op Jong Famme Partij in Mantgum, yn: van Wad tot Stad, 2 july 2019, s. 25. 2020 - GrinsGroningen wint weer Jong Fammepartij, yn: de Frjentsjerter Krante, 12 augustus 2020, s. 17. 2021 - MantgumMantgum wint in eigen huis Jong Famme Partij juniores, yn: de van Wad tot Stad, 6 july 2021, s. 33. 2022 - Easterein 2023 - Makkum 2024 - Makkum 2025 - Boalsert
Beskermfrou Oant har dea yn 2008 wie politika Anita Andriesen beskermfrou fan'e partij. Sûnt 2016 is Manon Scheepstra, dy't de partij al fiif kear wûn, de nije beskermfrou.Manon Scheepstra ongekroonde koningin van de Jong Fammepartij, Kaatsnieuws.com, 28 jun 2019
Kategory:Keatspartij Kategory:Mantgum Kategory:Sportevenemint yn Fryslân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 2004