De Jong-Feintepartij is in keatswedstryd dy't elts jier op 'e fjirde woansdei fan 'e moanne july holden wurdt yn it Fryske doarp Easterein. It is in partij foar jongfeinten fan 17 oant 21 jier (junioaren). De Jong-Feintepartij wurdt organisearre troch it KNKB. It is in saneamde 'ôfdielingswedstryd', dêr't eltse by it KNKB oansletten keatsferiening ien of mear partoeren foar ynskriuwe mei.
Skiednis en beskriuwing De Jong-Feintepartij waard yn 2005 foar it earst ferkeatst, op inisjatyf fan 'e Keatsferiening Easterein, mei as doel om in brêge te slaan tusken de kategoryen fan 'e jonges en de senioaren. De KNKB en pleatslike ôfdielings kampten nammentlik al jierren mei it probleem dat jonge keatsers dy't te âld wiene om mei te dwaan oan 'e Freulepartij yn Wommels, mar noch te jong om by de senioaren te keatsen, ôfheakken om't der foar harren in gat fan fjouwer jier bestie dêr't neat te winnen wie. Foar de earste edysje fan 'e Jong-Feintepartij, op 27 july 2005, skreaune 26 partoeren har yn.
It winnende partoer is in jier hâlder fan 'e wikselpriis de "Sulveren Leest", dy't beskikber steld waard troch Jan Hiemstra fan Frjentsjer, in âld-lid fan Keatsferiening Easterein en de skriuwer fan 'e jubileumboeken Bûkelje en Boppeslaan en Fol Faasje Fierder. Njonken de wikselpriis binne der bykommende prizen yn 'e foarm fan sulverne keatsballen en in slûf mei prizejild. Yn totaal omfettet de prizepot mear as €3.300,– wêrfan't it meastepart troch sponsoring byinoar brocht is.
Winnerslist Dit is in opsomming fan 'e winnende partoeren fan 'e Jong-Feintepartij.Utslaggen fan 'e Jong-Feintepartij.
2005 - Wytmarsum 2006 - Wytmarsum 2007 - Makkum 2008 - Holwert 2009 - Holwert 2010 - Tsjummearum 2011 - Frjentsjer 2012 - Tsjummearum 2013 - Sint-Anne 2014 - Seisbierrum-Pitersbierrum 2015 - Boalsert 2016 - Seisbierrum-Pitersbierrum 2017 - Frjentsjer 2018 - BerltsumBerltsum juniorentoppers weten van wanten op Jong-Feintepartij, yn: van Wad tot Stad, 31 july 2018, s. 97. 2019 - Hijum/Feinsum 2020 - 2021 - 2022 - 2023 - Dronryp 2024 - Dronryp 2025 - Dronryp
Keppelings om utens Offisjele webside fan Jong-Feintepartij
Kategory:Keatspartij Kategory:Easterein Kategory:Sportevenemint yn Fryslân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 2005