De earrebarre (Ciconia ciconia) is in 100-115 sm grutte fûgel út 'e famylje fan 'e eibertfûgels. It is in grutte wite fûgel mei swarte rânen oan 'e wjukken. Fierder hat er in opfallende reade snaffel en poaten.

Oare nammen De earrebarre wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei: eiber, eibert en prikkedief.

Fersprieding De earrebarren komme yn grut part fan Jeropa en Afrika foar. It is in echte trekfûgel; de fûgels dy't yn Jeropa briede oerwinterje yn Afrika. By de reis nei syn winterferbliuw mijt er de see. De fûgels berikke Afrika dan ek troch by Gibraltar fan Spanje út oer te stekken, en de eastlike fûgels geane oer Turkije. De fûgels dy't de westlike rûte oer Spanje nimme oerwinterje yn de Sahellannen yn West-Afrika. De earrebarren dy't de eastlike rûte nimme geane hielendal troch nei Súd-Afrika. De oarspronklike Nederlânske populaasje bestie út fûgels dy't beide trekrûtes brûkten, de tsjinwurdige populaasje brûkt allinnich de westlike rûte en oerwinteret yn West-Afrika.

Oantallen yn Nederlân thumb|right|250px|It earrebarredoarp by Eagmaryp thumb|right|250px| In famke en in earrebarre yn it Luisenpark yn Mannheim (Dútslân) It tal earrebarren is yn Nederlân de 20e iuw hieltyd tebekrûn oant inkelde briedpearen yn de jierren sântich. De tebekrin is nei alle gedachten oan de grutskaliger lânbou te witen, mei it brûken fan bestridingsmiddels, mar ek oan klimatologyske oarsaken sa as in hyltiten drûger wurdend oerwinteringsgebiet. Yn 1910 wiene der sa'n 500 briedpearen, yn 1970 wie dit tebekrûn nei 14.

In 1969 is yn Groot-Ammers yn Súd-Hollân troch de Fûgelbeskerming Nederlân Het Liesveld boud. Dat fokstasjon is bedoeld om in grut tal earrebarren te fokken. At de fûgels sa'n fjouwer jier âld binne wurde se oerbrocht nei in bûtenstasjon. Dêr wurde de fûgels fuorre, mar kinne se ek yn de omkriten iten sykje. De bedoeling is dat de jongere generaasjes fûgels harren wer hielendal sels rêde kinne en sa wer foar in grutte populaasje wylde earrebarren soargje. Troch dat programma wienen der yn 2004 wer sa'n 500 briedpearen; in lyts part dêrrfan is hielendal selsstannich.

Gedrach Earrebarren kinne net in protte lûd meitsje. Yn de maaitiid meitsje se lykwols in protte leven mei it klepperjen fan de snaffel wêrby't se de kop en nekke hielendal oer de rêch bûge. Lykas in protte fûgels mei lange skonken stiet ek de earrebarre in protte op ien poat. Trochdat se ien poat oplûke en tusken harren fearren weistopje ferlieze se minder waarmte.

Iten Earrebarren ite in protte kikkerts en binne in protte in de buert fan sleatten te finen. Fierder ite se ek mûzen, jonge rotten, ynsekten en oare lytse bisten. De oarbliuwsels fan it iten wurdt yn de foarm fan in spuiballen wer útspuid.

thumb|right|250 px|jonge earrebarren op it nêst Fuortplanting De Earrebarren briede alle jierren wer op itselde nêst. It nêst leit meast op in dak fan in hûs op spesjaal makke earrebarrenêsten. De fûgels komme alle jierren werom nei itselde nêst en meitsje it ek eltse kear wer grutter. It nêst hat meast in trochsnee fan 1,5 meter en âlde nesten kinne wol sa'n 2,5 meter heech wurde. De 3-5 aaien wurde yn sa'n 33 dagen útbret. Wylst de fûgels lyk by it earste aai begjinne te brieden is dêrtroch in leaftydsferskil by de jongen. De jongen wurde noch sa'n 8 wiken troch de âlden fuorre. De leste wiken steane se faak al op it nêst drok mei harren wjukken te slaan om dy foar it fleanen te oefenjen.

Galery

Sjoch ek List fan fûgels

Keppeling om utens Webstee oer de Earrebarre Side by de Nederlânske fûgelbeskerming oer de earrebarre Webkamera by twa earrebarrenêsten yn Schoonrewoerd Webkamera by it earrebarrenêst yn Lier/East-Fryslân

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Earrebarre Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda