Hidde fan Cammingha wie in Frysk ealman. Hy wie preester yn Dokkum, dêrnei yn Eanjum en úteinlik yn 1483 yn Nijehou yn Ljouwert. Hy wie in soan fan Syds fan Cammingha; Evert en Taco fan Cammingha wiene syn bruorren.

Hy waard bekend troch it printsje litten fan in samling Aldfryske wetten. Dy ynkunabel is tige seldsum. It plak fan printsjen is ûndúdlik, mooglik Eanjum, Dokkum, Keulen of Leuven. De twadde printinge fan dit wurk is te finen yn Schotanus syn Beschrijving van de Heerlijkheid van Friesland, út 1664, de tredde útjefte yn Oude Friesche Wetten fan Wierdsma ed Brandsma 1782, de fjirde yn De Friesische Rechtsquellen van von Richthofen (Berlyn 1840).

Kategory:Frysk pastoar Kategory:Roomsk-katolyk preester Kategory:Frysk rjochtsgelearde Kategory:Frysk publisist Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn de 15e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 15e iuw