Atletyk is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Spullen steane. De sport is tagonklik foar sporters mei in lichaamlike beheining.

Skiednis Atletyk stiet sûnt de earste Paralympyske Spullen (1960) op it programma. By de earste edysje waard er sporten yn 5 dissiplines yn 3 klassen. Yn 2008 wiene der alve dissiplines by de Manlju en sân by de Froulju.

Materiaal It is atleten tastien om spesifike helpmiddels te brûken. Dy moatte dan wol foldwaan oan de easken dy’t troch it YPK steld binne. Wheeler Rolstoel; Spesjale race-rolstuollen wurde brûkt foar de rinûnderdielen Protezen; fuotprotezes binne by de baanûnderdielen ferplichte, by de fjildûnderdielen opsjoneel. Tou wurdt brûkt om de fisueel beheinde rinners fêst te meitsjen oan har foarrinner by de rinûnderdielen. Akoestyske helpmiddels as in assistint binne tastien foar fisueel beheinde atleten ter yndikaasje fan de ôfsetlokaasje by de springûnderdielen en de smytsône by de smytûnderdielen.

Klasifikaasje Sporters wurde klassifisearre ôfhinklik fan har funksjonele mooglikheden om in bepaalde slach út te fieren. Dat klassifikaasjesysteem makket it mooglik dat sporters mei inselde beheining mei inoar stride kinne.

De hjoeddeistige klassifikaasje is sûnt Sydney 2000 as folgjende yndield: 11–13: atleten mei in fisuele beheining 20: atleten mei in ferstanlike Beheining (Sûnt Sydney 2000 net mear aktyf by de Paralympics) 32–38: atleten mei in harsenferlamming: 32-34: rôlstoel; 35-38: rinnend 40–46: atleten mei in amputaasje en sporters mei beheinings dy’t net by in oare kategory hearre; wêrrûnder atleten mei dwerchgroei, multiple sclerose as ôfwikingen aan de ledematen bygelyks feroarsake troch softenon. 51–54: atleten yn in rolstoel feroarsake troch ferlamming fan de ûnderste ledematen bygelyks troch Iepen Rêch, in Dwerslesy as amputaasje.

De klassen wurde sûnt Atlanta 1996 foarôfgien troch in letter "T" (baan), "F" (field) as "P" (mearkamp).

Dissiplines Der binne op de Paralympyske Simmerspullen by it Atletyk troch de jierren hinne ferskeidene en somtiden bysûndere dissiplines beoefene. Hjoed de dei binne de dissiplines gelyk oan dy fan de reguliere Atletyk.

1960196419681972197619801984 1988199219962000200420082012Cross Country XX Diskussmite XXXXXXXXXXXX Estafette XXXXXXXXXXX Fierspringe XXXXXXXXX FiifkampXXXXXXXXXXXXX Fuotbal Ôfstân X Hurdrinne XXXXXXXXX Hink-stap-springe XXXXXXXX Heechspringe XXXXXXXXX KegelsmiteXXX XXXXXXXXX KûgelstjitteXXXXXXXXXXXXX Kening fan de sprint X Maraton XXXXXXX Medisynbal smite X ôfstânssmite XX Presyzje Kegelsmite X Presyzje SpearsmiteX XXX Presyzje Fuotbal X Presyzje smite XX Rolstoel Estafette* X Slachbal X Slalom XXXXXXX SpearsmiteXXXXXXXXXXXXX Wheelen* XXX

*Sûnt 1968 heart de dissipline Rolstoel Estafette binnen de dissipline estafette, en sûnt 1976 heart de dissipline wheelen binnen de rindissiplines: Hurdrinne en maraton. Tsjintwurdich bekend as de klassen 51 t/m 54.

Sjoch ek Atletyk op de Olympyske Simmerspullen

Keppeling op utens Atletyk op de side fan it Ynternasjonaal Paralympysk Komitee