thumb|right|250px|Willem Verf in 2019 Willem Verf (Snits, 17 july 1949) is in Frysk politikus en skriuwer.

Verf waard grutbrocht yn Snits en folge nei it Bogerman Lyceum in oplieding oan de Sosjaal Pedagogyske Oplieding Middelloo yn Amersfoort. Nei syn stúdzje waard er foarmingslieder yn Beetstersweach en sette him mei syn frou nei wenjen yn Ikkerwâld, no Damwâld. Nei funksjes yn it jongerenwurk, de folwoeksene-edukaasje en de arbeidsbemiddeling, waard er yn 1996 direkteur fan de Stichting Help en Wolwêzen Ljouwert (HWL). Hy waard lid fan de Politike Partij Radikalen (PPR) en neidat dy partij opgien wie yn GrienLinks fan dy partij. Fan 1994 oant 2004 wie Verf fraksjefoarsitter fan GrienLinks yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Neist syn wurk skreau er Fryske boeken.

Wurk 1982 : It bliuwt pielen (roman) 1983 : In delgeande tiid (ferhalebondel) 1987 : Tiid fan libjen (roman) 1993 : De neisimmernacht fan Sjoerd en Eppy (novelle: boekewikegeskink) 2008 : It swijen net wurdich (roman) 2013 : Bûtenman & Bûtenfrou (roman) 2017 : It sinfol bestean (roman) 2023 : De wûndere leafde fan Emine en Einte (roman) 2025 : Leafde yn oarlochstiid (novelle)

Prizen 1980 : Oanmoedigingspriis Rely Jorritsma Fûns foar manuskript It bliuwt pielen 1984 : Fedde Schurerpriis foar In delgeande tiid en oare plysjeferhalen

Kategory:Frysk pedagooch Kategory:Frysk politikus Kategory:PPR-politikus Kategory:GrienLinks-politikus Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Snits Kategory:Persoan berne yn 1949