Hendrika David (Rotterdam, 13 febrewaris 1888 – Naarden, 14 febrewaris 1975) wie in Nederlânsk fariétéartyste dy't fan 1907 ôf oant har ferstjerren ûnder de namme Henriëtte Davids karriêre makke as sjongster en behindich grapmakster. Sy wie it meast bekend ûnder de namme Heintje Davids.
By har meast bekende lietsjes binne: Zandvoort aan de Zee, Draaien en Omdat ik zoveel van je hou (in duet mei Sylvain Poons.)
Nei har offisjele ôfskied yn 1954 makke Heintje Davids al rillegau har comeback. Oant fier yn de jierren sechtich bleau hja optreden, mar kundige ek regelmjittich oan dat in optreden wier de lêste kear wie. Op 'en doer waard it ferskynsel fan hieltyd wer ôfskied nimme en dan dochs wer weromkomme it heintjedavidseffekt Sjoch: Woordenlijst Nederlandse Taal foar de stavering. neamd.
Yn 1914 troude Heintje Davids mei de sjoernalist/teatertekstskriuwer Philip Pinkhof.
Diskografy (kar-út) 1922 - Wat Een Vrouw Zich Aantrekt (Uit De Revue 'Bezuinigen Als Je Blieft') / Haal Nooit Iets Met Je Familie Aan - 12"single - VOX - H 10001 1922 - Das Kommt Das Militär / O Jé Marie (Met Kees Pruis) - 12"single - VOX - H 10002 1934 - Draaien / Omdat Ik Zoveel Van Je Hou - 78rpm10"single - CINETONE - ? 1954 - Afscheidsklanken, Deel 1 / Afscheidsklanken, Deel 2 - 78rpm10"single - PHILIPS - P 17324 H 1959 - Heintje In St. Germain Des Prés: Omdat Ik Zoveel Van Je Hou + 't Is Waar (C'est Vrai) / Monolooch {Tekst: Tom Manders} + Draaien - 7"EP - HIS MASTER'S VOICE - 7 EGH 184 1965 - Adieu / Daar Klopt Iets Niet - 7"single - FRANKLIN D. ROOSEVELT - R 1002 1968 - Er Is Maar Eén Carré / Naar Carré - 7"single - POLYDOR - S 1268 1968 - Mijn Laatste Plaat - 12"LP - DELTA - DKS 1004 1975 - Haar Allerlaatste Plaat - 12"LP - NEGRAM - NR 108
Filmografy De Jantjes (1934) - Na Druppel Op Stap (1935) - Frou Fortuin De Big van het Regiment (1935) - Annemie Kermisgasten (1936) - Annie Een Koninkrijk voor een Huis (1949) - Heintje Blom
Strjitnamme Yn Sutfen is yn de wenwyk Leesten in plein nei har neamd: Heintje Davidsplein.
Kategory:Nederlânsk artyst Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Sjonger fan it libbensliet Kategory:Underdûker yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1888 Kategory:Persoan stoarn yn 1975